Súdwest-Fryslân benaud foar 'bermbaby's' no't 45-minutenoarm driget te ferdwinen

In ambulânse
In ambulânse © ANP
It kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân is lilk op it ministearje fan Folkssûnens. It ministearje set it plan om de saneamde 45-minutenoarm te ferfangen nammentlik troch, wylst it ûnderwerp kontroversjeel ferklearre is.
Alle ynwenners fan Nederlân moatte mei in ambulânse binnen trije kertier by de spoedeaskjende help fan it sikehûs wêze kinne. It ministearje wol dy noarm lykwols fan tafel feie.

'Net fan dizze tiid'

De noarm soe nammentlik net mear fan dizze tiid wêze. De tiidslimyt is nea wittenskiplik ûnderboud, minsken dy't spoedeaskjende help nedich hawwe, kinne faak al hiel goed yn in ambulânse holpen wurde en yn guon gefallen soe it better wêze om nei in spesjalistysk sikehûs troch te riden.
Wethâlder Marianne Poelman fan Súdwest-Fryslân hat dêr wol wat tsjinyn te bringen. "Wij weten uit onderzoek dat meer dan 80 procent zelf naar het ziekenhuis gaat. Dat wat met de ambulance gehaald wordt, is minimaal. Dus het is gewoon superbelangrijk dat het goed georganiseerd is."
Het moet natuurlijk niet zo zijn dat je vooraf al risico loopt, omdat je in een gebied woont waar die hulp niet dichtbij is.
Wethâlder Marianne Poelman
Se sil dêrom woansdei har gemeente fertsjintwurdigje by in gearkomste mei de direkteur fan it ministearje. Dêr sil se har soargen oer de kwestje uterje.

Likense kânsen op soarch

"Ik sprak laatst met een verloskundige en die had het over 'bermbaby's'", seit Poelman. "Ik heb volledig vertrouwen in de zorg hier in Súdwest-Fryslân, maar het moet natuurlijk niet zo zijn dat je vooraf al risico loopt, omdat je in een gebied woont waar die hulp niet dichtbij is."
Wethâlder Marianne Poelman (PvdA) fan Súdwest-Fryslân
Wethâlder Marianne Poelman (PvdA) fan Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
It ûnderwerp is troch de Twadde Keamer kontroversjeel ferklearre. Dat betsjut dat it demisjonêre kabinet der net samar in beslút oer nimme mei.
Poelman wol dan ek opheldering. "Ik wil weten waar straks de ambulanceposten zijn waar we naar kunnen verwijzen en wat het betekent voor de verloskundigen en huisartsen. Je wilt dat mensen gelijke kansen houden op zorg."