Kondoom en pil by Fryske jongeren noch minder populêr as yn de rest fan Nederlân

anp
Foarbehoedmiddels © ANP
Fryske jongeren brûke noch minder faak antykonsepsje as it lanlike trochsneed: 25 prosint fan de Fryske froulju brûkt gjin antykonsepsje by faginale seks. Lanlik giet it om 20 prosint.
De grutste reden dat jongeren gjin antykonsepsje brûke, is dat se gjin hormoanen slokke wolle. Fan de jonge froulju dy't faginale seks hân ha, brûkt 64 prosint in foarm fan saneamde 'hormonale antykonsepsje'. Dan giet it om de pil, prikpil, hormoanspiraaltsje of in antykonsepsjestaafke. Yn 2017 lei dat persintaazje noch op 71 prosint.
Wat fynt de Fryske jeugd?
Net allinnich de pil is minder populêr, ek kondooms wurde folle minder faak brûkt. "Maar er zijn zo ontzettend veel mogelijkheden van anticonceptie", seit Marianna Chirandjilal. Sy is sosjaal ferpleechkundige seksuele sûnens by GGD Fryslân.
"Zo is de ene pil de andere niet. En er zijn naast de pil ook nog veel andere anticonceptiemiddelen", fertelt Chirandjilal. Se trunet jongerein oan om GGD Fryslân of de jeugdferpleechkundige op skoalle oan te sprekken. "Zij kunnen meedenken over welke anticonceptie het beste bij hun persoonlijke situatie past."

Minder soa's fêststeld: sykje nei ferklearringen

Ek al wurde kondooms folle minder faak brûkt, it tal soa-diagnoazen nimt net ta. "Een opvallende bevinding", sizze se by de GGD. Mooglik duorret it even foardat it 'risikofolle' gedrach werom te sjen is yn de sifers. Mar it kin ek komme trochdat in soad jongeren harsels net teste litte as se gjin klachten ha.
Mear as de helte fan Fryske jongeren hat oait te krijen hân mei seksueel grinsoergeand gedrach. Dat kin gean oer net-winske oanrekkingen, tútsje as ien dat net wol, oantaasting of seksueel kleure appkes stjoere of ûntfange. 18 prosint hat seks hân sûnder dat se dat woe, 16 prosint hat seksueel geweld meimakke.
Nijs oer skandalen by The Voice of Holland kin minsken bewust makke ha
Nijs oer skandalen by The Voice of Holland kin minsken bewust makke ha © ANP
Dy persintaazjes lizze heger as by eardere ûndersiken. It kin neffens de GGD yndie sa wêze dat grinsoergeand gedrach faker foarkomt, mar it kin ek sa wêze dat mear jongeren realisearje dat se te krijen hân ha mei sok gedrach en dat se dêrom dat ek oanjouwe yn de fragelist.
De ekstra realisaasje kin komme trochdat der mear omtinken is foar seksueel grinsoergeand gedrach, bygelyks doe't de skandalen by The Voice of Holland nei bûten kamen.
Chirandjilal trunet jongeren derop oan om goed te kommunisearjen mei elkoar. "Het is heel belangrijk dat jongeren leren om grenzen aan te geven en die van hun partner aan te voelen, zodat ze niet over hun seksuele grens heen gaan. Het is ook goed om altijd aan de ander te vragen: 'is dit oké?' Praat erover!"

Mear akseptaasje homoseksualiteit

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat Fryske jongeren toleranter wurden binne wat homoseksualiteit oanbelanget. Dochs keurt noch altyd 21 prosint fan de Fryske jonges it ôf as twa jonges mei elkoar tútsje op strjitte. By famkes leit dat persintaazjes op 6 prosint. Dy ferhâldingen binne ferlykber mei de lanlike sifers.
De sifers komme út it ûndersyk 'Seks onder je 25e' 2023 fan Rutgers, Soa Aids Nederland en GGD Fryslân. Goed 900 Fryske jongeren dienen oan it ûndersyk mei.