Njoggen Fryske gemeenten fange gjin asylsikers op en dit is wêrom

azc
azc © ANP
De gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen, Eaststellingwerf en Weststellingwerf fange op dit stuit gjin asylsikers op om Ter Apel te ûntlêsten. Mar dêr sil dit jier feroaring yn komme moatte, as de spriedingswet troch de Earste Keamer komt.
Hoefolle opfangplakken dat binne, is fan ferskate saken ôfhinklik.
Yn dizze gemeenten wurde gjin asylsikers opfongen
Yn dizze gemeenten wurde gjin asylsikers opfongen © Omrop Fryslan
De gemeenten hawwe sa harren redenen om gjin asylsikers op te fangen. Te min leechsteande grutte gebouwen om de asylsikers yn op te fangen, is dêr ien fan. "We hebben op dit moment geen geschikte locaties om asielzoekers op te vangen", lit de gemeente Weststellingwerf fia in skriftlike reaksje witte.
Se binne ree om asylsikers op te fangen, "maar door onze zoektocht naar geschikte locaties voor Oekraïners en statushouders weten we dat dit in onze gemeente erg lastig is."

Azc by Dokkum?

Romte is yn de gemeente Dantumadiel ek it probleem: "Der binne op it stuit gjin gebouwen dy't leech steane dy't foar dit doel geskikt binne. De gemeente wol hjirfoar mear gearwurkje yn de regio."
De opfang fan asylsikers is ek yn Noardeast-Fryslân dreech om't it oantal geskikte gebouwen beheind is. Om dy reden ûndersiket de gemeente "op it stuit de fêstiging fan in azc foar 250 asylsikers" by Dokkum. De ried beslút yn maart of april definityf oft der in azc komt en op hokker plak.
Lykas de fiif gemeenten bringe de Waadeilannen ek gjin asylsikers ûnder. Sy binne fanwege de grutte krapte oan wenromte hjirfan frijsteld.

Wol opfang foar in koarte tiid

De gemeenten Achtkarspelen en Noardeast-Fryslân ha koartlyn foar in skoftke asylsikers opfongen om de druk op Ter Apel te ferlichtsjen. Fan ein 2022 oant begjin ôfrûne jier hat de gemeente 75 asylsikers ûnderbrocht yn in krisisneedopfanglokaasje yn Gerkeskleaster. Dizze groep minsken is dêrnei oant ein july 2023 opfongen yn Kollum, yn Noardeast-Fryslân.
In flechtling yn Gerkeskleaster
In flechtling yn Gerkeskleaster © RTV NOF
De gemeente Eaststellingwerf jout oan dat se harren earst konsintrearre hawwe "op het opvangen van 190 statushouders in Oosterwolde om de asielketen te ontlasten".
Yn in leechsteand part fan soarchsintrum Rikkingahof yn Easterwâlde is romte makke foar de opfang fan de statushâlders, âld-asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. Neffens de wet hawwe sy likefolle rjocht op in wenning as alle Nederlanners. De earste groep is sûnt 5 jannewaris yn it gebou opfongen. Sy sille der maksimaal in jier sitte en wenromte krije yn Fryslân, Grinslân of Drinte.
rikkingahof easterwalde hoastpoly
Yn in leechsteand part fan soarchsintrum Rikkingahof yn Easterwâlde komme statushâlders © Google Street View
East- en Weststellingwerf sjogge posityf nei de spriedingswet. Neffens Dantumadiel is it dêrby wol wichtich dat de opfang past by de grutte fan de doarpen. Sy tinke oan in gearwurking yn de regio.
"Jo kinne bygelyks tinke oan in konstruksje wêryn't de iene gemeente mear docht oan it húsfestjen fan statushâlders, wylst de oare gemeente mear docht yn de opfang fan Oekraïners of de reguliere asylopfang (azc). Sa kinne wy mei elkoar wat betsjutte yn de totale opjefte dy't foar ús leit yn it opfangfraachstik".

243 nije plakken nedich yn Fryslân

De spriedingswet giet net oer it ûnderbringen fan statushâlders, mar oer it opfangen fan asylsikers. Sy moatte neffens de wet fan 1 febrewaris ôf earlik ferdield wurde oer alle gemeenten. De gemeenten moatte in ferplichte bydrage leverje by it beskikberstellen fan de opfangplakken. Hoefolle dat binne, hinget ôf fan it oantal ynwenners fan de gemeente en hoe ryk de gemeente is.
Der moatte yn 2025 sa'n 35.000 opfangplakken ekstra by komme. De provinsjes Grinslân en Drinte ha neffens in berekkening fan de NOS mear opfangplakken as nedich is op 1 jannewaris 2025. Yn Fryslân is dat oars: dêr moatte 243 nije plakken by.
In frijwilliger oan de gong by it azc yn Drachten op de Natuerwurkdei
In frijwilliger oan de gong by it azc yn Drachten op de Natuerwurkdei © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mei de opfang fan statushâlders fine gemeenten dat se echt wol meihelpe oan it oplossen fan de asylkrisis. Neffens Weststellingwerf befoarderet de opfang fan statushâlders de trochstream yn asylsikerssintra.
"We ontwikkelen tijdelijke huisvesting van 20 chalets aan de Hoofdweg in Wolvega en er worden 19 statushouders tijdelijk opgevangen in Van der Valk in Wolvega. Ook worden er elk jaar statushouders gehuisvest via de woningstichtingen. In totaal zijn er 44 statushouders gehuisvest in 2023". skriuwt kommunikaasje-adviseur Annemieke de Haan yn in reaksje.

Trochstreamlokaasje

De gemeente Dantumadiel seit dat se yn 2023 "sawat folslein" foldien ha oan de taakstelling om statushâlders ûnderdak te jaan.
Gemeente Achtkarspelen hat ferline jier wurke oan in trochstreamlokaasje foar statushâlders foar tsien jier. "Op deze locatie kunnen 30-36 statushouders worden gehuisvest, in afwachting van een sociale huurwoning. Deze locatie is 1 december geopend en reeds 28 statushouders hebben hun intrek genomen in dit pand", lit kommunikaasje-adviseur Lilian de Jong skriftlik witte.
De opsje fan flekswenten foar statushâlders, asylsikers en Oekraïners wurde yn de gemeente ferkend.

"Mear statushâlders"

Noardeast-Fryslân wol op koarte termyn mear statushâlders in wenning tawize kinne. "Oant de simmer fan 2024 giet it om minimaal 128 statushâlders. Dit freget nochal wat ynspanning, mar dêr sette we fol op yn."
Op de lange termyn wol de gemeente nochris 80 statushâlders ûnderbringe en fan 2026 ôf is it plan om 150 statushâlders it jier in plakje te jaan. Hjirfoar wurdt der troch de gemeente gearwurke mei wenningkorporaasjes.
Dizze gemeenten fange wol asylsikers op
Dizze gemeenten fange wol asylsikers op © Omrop Fryslân
De oare gemeenten yn Fryslân fange wol asylsikers op of ha dat koartlyn dien, lykas de krisisopfang op It Hearrenfean.