Steatssekretaris Heijnen: oanpak spoarknyppunt Meppel mei gjin njoggen jier duorje

Passazjiers op it perron fan Meppel wachtsje op in trein dy't net komt
Passazjiers op it perron fan Meppel wachtsje op in trein dy't net komt © ANP
De keamerkommisje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat fynt dat de problemen op it spoar by Meppel sa gau mooglik oanpakt wurde moatte. Steatsekretaris Vivianne Heijnen is it mei de Keamer iens dat it gjin njoggen jier duorje mei.
"De treinreizigers uit Fryslân, Groningen en Drenthe staan nu letterlijk in de kou", sei Twadde Keamerlid Mpanzu Bamenga (D66). Hy freget him ôf hoe't it yn 'e goedichheid mooglik is dat it spoar by Meppel der blykber útleit, sadree't it in bytsje friest.

Ekstra jild

D66 stipet it ferline wike oankundige amendemint fan ChristenUnie, GroenLinks-PvdA en CDA om 40 miljoen euro ekstra út te lûken foar it oplossen fan de problemen op it spoar tusken Meppel en Zwolle.
Ek de BBB, VVD en NSC seine dat se mei 'in positive hâlding', nei it amendemint oer it spoarknyppunt sjen sille. "Wij zitten hier om knelpunten op te lossen", spruts VVD-keamerlid Hester Veltman-Kamp.
Twadde Keamer wol spoarknyppunt by Meppel mei faasje oanpakke
Oanpak fan it spoarknyppunt is wichtich, omdat alle treinen nei Fryslân, Grinslân en Drinte it kwetsbere stikje twabaansspoar tusken Meppel en Zwolle passearje moatte. By in ûngelok of in technyske steuring is der gjin treinferkear mooglik tusken it Noarden en de rest fan it lân.
Ik durf die trein niet meer te nemen, omdat je nooit zeker weet of je ook weer thuiskomt.
Keamerlid Eline Vedder (CDA) út Drinte
Sûnt septimber ferline jier is dat mar leafst 73 kear bard en dat betsjut dat der ek al de nedige treinreizgers ôfheakke binne. "Ik durf die trein niet meer te nemen, omdat je nooit zeker weet of je ook weer thuiskomt", sei it Drintske keamerlid Eline Vedder (CDA) moandei yn de Twadde Keamer.
Keamerlid Olger van Dijk (NSC) kin mar net begripe wêrom't it oplossen fan it spoarknyppunt by Meppel njoggen jier duorje moat. Neffens syn ynskatting moat soks dochs flugger kinne.
De keamerkommisje fan ynfrastruktuer en wettersteat fergadere ûnder lieding fan Habtamu de Hoop
De keamerkommisje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat kaam gear ûnder lieding fan Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân
Mei Mariënheem, yn Oerisel, en Amsterdam wie Meppel de plaknamme dy't it faakst neamd waard by it keamerdebat oer it Mearjierreprogramma Ynfrastruktuer, Romte en Transport (MIRT).
De gearkomste stie ûnder lieding fan it Fryske Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (GroenLinks-PvdA). Hy hold in pleit foar better en betrouberder iepenbier ferfier. Neffens him moat it OV oeral yn Nederlân in 'folweardich alternatyf' wêze foar de auto. In ideaal dat no noch fierôf is.
Ik onderken en erken dat de flessenhals Meppel een probleem is dat zeer snel moet worden opgelost.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen
Steatssekretaris Heijnen is it mei de Keamer iens dat it oanpassen fan it spoarknyppunt tusken Meppel en Zwolle net njoggen jier duorje mei, lykas ProRail koartlyn oanjoech.
"Daar was ik ook niet erg van gecharmeerd. Ik zal er scherp op zijn", sei Heijnen. "Ik onderken en erken dat de flessenhals Meppel een probleem is dat zeer snel moet worden opgelost."
Heijnen hopet dat by it earstfolgjende MIRT-oerlis, oan de ein fan it jier, fierdere ôfspraken makke wurde kinne oer it oanpakken fan de problemen. In nij foarstel foar ekstra jild moat fan de Twadde Keamer komme, sei de steatssekretaris, omdat it kabinet al in moai skoft demisjonêr is.
ANP Steatssiktaris Vivianne Heijnen
Steatssekretaris Vivianne Heijnen yn de Twadde Keamer © ANP
Om de spoarproblemen by Meppel op te lossen is by it stasjon in ekstra perron en in ekstra spoar nedich. Hjir waard earder al 35 miljoen euro foar útlutsen. Dêrnjonken soene alle oerwegen tusken Meppel en Zwolle oanpakt wurde moatte. Dit kostet nochris 40 miljoen.
As beide maatregels útfierd binne, is it trajekt Zwolle-Meppel minder kwetsber en ek geskikt foar mear intercitytreinen nei Ljouwert en Grins.

Lelyline

Op de gearkomste waard ek de Lelyline ferskate kearen neamd. Keamerlid Hidde Heutink fan de PVV fynt dat it jild dat no reservearre is foar de oanlis fan in nije spoarline tusken Lelystêd en Amsterdam wol brûkt wurde kin foar it oplossen fan oare knyppunten, lykas de oanlis fan in rûnwei om Mariënheem yn Oerisel.
Heijnen fynt dat gjin goed foarstel. "Als je de Lelyline echt wilt realiseren, dan moet je dat bedrag intact houden."
Se sei fierder dat se net foarútrinne wol op de publikaasje fan de MIRT-stúdzje nei de kosten en it bêste trasee fan de Lelyline. Dy gegevens wurde oan de ein fan it jier ferwachte.