Martijn Barto: "Ik wil ooit hoofdtrainer bij Cambuur worden"

Sportcast mei Martijn Barto
Sportcast mei Martijn Barto © Omrop Fryslân
Martijn Barto is no noch assistint-trainer fan SC Cambuur, mar op termyn hopet er sels de einferantwurdlikheid te hawwen. Dat seit de âld-fuotballer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Sân jier spile Barto yn it giel-blau en no is er alwer fiif jier assistint-trainer. Nettsjinsteande it feit dat er net út Fryslân komt, meie je Barto wol echt in Cambuurman neame. Sa fielt er dat sels ek. "Cambuur is een club die in mijn hart zit en waar ik al heel wat jaren rondloop. Het lijkt me fantastisch daar een keer hoofdtrainer te zijn."

"Ik kies voor Cambuur"

Op dit stuit is de âld-spits noch net yn de posysje om haadtrainer te wurden fan de Ljouwerters. Hy moat de oplieding ta coach yn it betelle fuotbal noch dwaan. "Voorheen was twee jaar assistent zijn bij een betaaldvoetbalorganisatie voldoende, maar die criteria hebben ze onlangs veranderd. Dus ik kon me niet meer opgeven. Dat is jammer."
It is noch net dúdlik wannear't er dy oplieding dwaan kin. Dúdlik is wol dat er nei dit seizoen ophâldt by Blauw Wit '34, de Ljouwerter earsteklasser dêr't er haadtrainer is. De 39-jierrige Súd-Hollanner wol mear tiid oerhâlde foar syn húshâlding.
Oft er wol werom komt yn it amateurfuotbal, wit Barto noch net. "Ik kan niet bij tweede- of derdedivisieclub trainer zijn en assistent bij Cambuur. Je moet keuzes maken. Op dit moment kies ik voor Cambuur."
Yn tsjinstelling ta Cambuur spile Hearrenfean it ôfrûne wykein wol. De Feansters leveren in kollektive wanprestaasje en giene mei 3-0 ûnderút tsjin Excelsior. "Der wie de ôfrûne fiif jier gjin wedstriid dy't sa min wie as dizze", seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Der wie gjin ien spiler dy't in heger sifer as in fiif helle."
Denzel Hall wie in negative útsjitter yn de eagen fan sportferslachjouwer Arjen de Boer. "Dat wie wol in ferskrikking, dochs?" Dêr slút De Vries him by oan: "Dy hat neat goeds dien. Mar it is wol in kombinaasje. Want it lei net allinnich oan Hall."
Miskien dat Loizos Loizou de fleur werombringe kin by Hearrenfean. It is in Syprioatyske oanfaller wêrfoar't de klup belangstelling hat. De Vries hat syn húswurk dien en kontakt socht mei de twa Friezen dy't op Syprus spylje. "Lucas Bijker en Mark Diemers ha allebei tsjin him spile, mar se wisten beiden neat mear fan him."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.