Joost Klein jout Fryslân hipper imago: "Hy draacht Fryske grutskens út"

Joost Klein
Joost Klein © Omrop Fryslân
Fryslân is hartstikke hip en Joost Klein draacht dat út. "Mei in enoarme knal jout hy in nije lading oan de Fryske flagge", seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân. "Hy keppelet Fryslân oan alles wat hot en happening is."
Joost Klein syn karriêre sit yn de lift. In rappe ek noch. En it moaie is dat hy it Fryske imago fergees meinimt. It poadium opkomme mei de Fryske flagge, in boxershort fol pompeblêden dy't boppe syn broek útstekt, sjongteksten fol Fryske uteringen: op allegear wizen ferbynt Joost him oan syn ôfkomst. By Merk Fryslân fine se it "supermoai".
Cnossen, direkteur fan de marketingorganisaasje, is tige entûsjast oer de jonge artyst en de wize wêrop't hy Fryslân op de kaart set. "Joost jout in enoarme vibe oan Fryslân. Hy makket it hipper, trochdat hy sa de oandacht kriget en pakt."
Cnossen
Martin Cnossen fan Merk Fryslân © Omrop Fryslân
Joost sprekt benammen de jongere doelgroep oan en dat is belangryk neffens Cnossen. Der binne in protte jongeren dy't, sa gau as se begjinne te studearjen, hun heil sykje bûten de Fryske provinsjegrinzen.
Cnossen hopet dat Joost, troch de orizjinele wize wêrop't hy Fryslân profilearret, de provinsje sterker en positiver makket foar de jonge doelgroep. "Hy strielet út dat jongeren ek hjir harren wei fine kinne en dat it hjirre ek ynteressant is."
Ofrûne sneon belibben sawol Joost Klein as Fryslân in primeur. De artyst wie de earste Fries dy't de prestizjeuze Poppriis yn ûntfangst nimme mocht. Dêrmei komt er yn in rychje mei bygelyks Herman Brood, Anouk, De Dijk en De Jeugd van Tegenwoordig.
Cnossen fynt it moai dat Joost ris in oare kant fan Fryslân beljochtet. De provinsje is bygelyks al bekend om harren sporters en alle tradysjes en no komt dêr ek popmuzyk by. "Joost is autentyk en unyk. Hy strielet wat posityfs út en lit jongeren sjen dat se grutsk wêze meie op Fryslân. Hy draacht hielendal út: ik bin in Friesenjung."
Dermei slút Joost oan by hoe't Merk Fryslân de provinsje delsette wol. "Fryslân is net allinnich it ferline, mar ék de takomst. Dat byld wolle wy útdrage en Joost syn uteringen passe dêrby."
Joost Klein
Joost Klein mei in boxershort fol pompeblêden: ien fan de wizen wêrop't er it Fryske imago útstrielet © ANP
Alle oandacht leit Fryslân yn elts gefal gjin wynaaien. "Joost is überhip. As in magneet lûkt hy oandacht nei Fryslân ta. Hy lit de flagge wapperje, as in symboal om te toanen hoe grutsk hy op syn provinsje is. Dat is moai om te sjen."

Frysk op it Songfestival?

De stoarm rûnom Joost bêdet noch lang net del. It Eurovisie Songfestival stiet foar de doar en dat betsjut allinnich mar mear oandacht foar de Britsumer. Én foar Fryslân, is de winsk fan Cnossen.
Oft Joost yn it Sweedske Malmö mei in pompeblêdebroek it poadium opstapt, is noch net bekend. Merk Fryslân hopet yn elts gefal dat der in rol foar Fryslân weilein is. "Op syn minst yn it foarfilmke", laket Cnossen.