KAART: Dit binne de 50 Fryske plakken mei de measte misdriuwen

Ynbraak wie it misdiuw dat yn Stiens en Goutum ferline jier it meast foarkaam
Ynbraak wie it misdiuw dat yn Stiens en Goutum ferline jier it meast foarkaam © Shutterstock.com (rawf8)
Ynbraak, stellerij, fraude of it riden ûnder ynfloed: it bart yn hiel Fryslân. Mar hoe sit it by dy? Sjoch hjirûnder oft dyn wenplak yn de top 50 fan Fryske plakken mei de measte misdriuwen stiet.
Yn Fryslân gie it ferline jier yn totaal om 20.771 misdriuwen. It giet om de registrearre misdriuwen, dêr't ek de gefallen yn meinaam binne wêrby't in misdriuw besocht waard.
Klik op in boltsje om it plak, it tal misdriuwen en it soarte misdriuwen dat it faakst foarkomme te sjen. Komt de kaart net goed yn byld, klik dan hjir.
De top seis fan plakken mei de measte misdriuwen wurdt fansels ek foarme troch de plakken mei de measte ynwenners. Dat binne op folchoarder: Ljouwert, Drachten, Snits, It Hearrenfean, Harns en Wolvegea.
Dêrnei binne der lykwols ferskillen. De Jouwer stiet bygelyks wat it ynwennertal oanbelanget op in sânde plak, mar wat it tal misdriuwen oanbelanget pas op plak tsien.
Kwa misdriuwen stiet just Frjentsjer op plak sân (kwa ynwennertal op plak njoggen), folge troch De Lemmer (kwa ynwennertal op plak tsien) en Dokkum (kwa ynwennertal op plak acht).

Measte misdriuwen

Fierwei it grutste oandiel is horizontale fraude. "Horizontale fraude is enorm breed", leit José van Gijssel út, parsewurdfierder fan de plysje Noard-Nederlân. "Het omvat alle vormen van fraude tegen burgers, bedrijven, en financiële instellingen."
Ride ûnder ynfloed is ek in misdriuw, op De Lemmer wie dit it misdriuw dat it faakst registrearre waard
Ride ûnder ynfloed is ek in misdriuw, op De Lemmer wie dit it misdriuw dat it faakst registrearre waard © Shutterstock.com (Sergio Rojo)
Dêrneist binne ek fernieling en stellerij fan brom- en snorfytsen misdriuwen dy't yn Fryslân in soad foarkomme. Mar ek it riden ûnder ynfloed en it feroarsaakjen fan in ûngelok falle derûnder.

'Freon-yn-needfraude'

Van Gijssel komt mei it foarbyld 'vriend-in-noodfraude'. Dit komt foaral fia WhatsApp foar.
By dizze foarm fan fraude dogge oplichters harren foar as in famyljelid of freon en stjoert dy in berjochtsje wêryn't driuwend om finansjele help frege wurdt. Fia sosjale media sykje oplichters persoanlike ynformaasje, om sa leauwensweardich mooglik oer te kommen.

De top 50

Plak Oantal misdriuwen
Ljouwert 6.426
Drachten 1.994
Snits 1.557
It Hearrenfean 1.386
Harns 441
Wolvegea 417
Frjentsjer 369
De Lemmer 336
Dokkum 330
De Jouwer 286
Easterwâlde 284
Boalsert 275
Burgum 252
Surhústerfean 185
De Gordyk 155
Sint Anne 154
Bûtenpost 150
Warkum 139
Grou 127
Hurdegaryp 118
Stiens 112
Appelskea 111
Kollum 108
De Westereen 96
Flylân 93
Beetstersweach 85
Oerterp 78
West-Skylge 78
Balk 77
Sint Nyk 77
Feanwâlden 70
Makkum 69
Noardwâlde 68
Akkrum 67
Berltsum 66
Haulerwyk 64
Dronryp 63
De Harkema 63
Kollumersweach 63
Goutum 59
De Pein 59
Heech 58
Damwâld 55
Gytsjerk 55
Nes (It Amelân) 54
Drylts 53
Koatstertille 51
Holwert 50
Menaam 50
Koudum 45
Noardburgum 45