Medemblik hellet 130 histoaryske skatten op it nipperke werom út feilinghûs Ald Fryslân

Feilingmaster Haije Dijkstra
Feilingmaster Haije Dijkstra © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Ut 'e skroeven wie Haije Dijkstra (25), doe't hy foar syn earste feiling 130 topstikken út it eardere weeshûs yn Medemblik binnenhelle. Spitigernôch foar him krige de ferkeapjende partij spyt fan de ferkeap.
It giet om in bysûndere kolleksje guod fan de Stichting Hervormd Weeshuis Medemblik. Yn 1575 joech Willem fan Oranje tastimming om in earder kleastergebou yn in weeshûs te feroarjen. It pân waard dêrnei in skoft brûkt as âldereintehûs.
De nijste eigener wol apparteminten yn it gebou. It wie de bedoeling om in part fan de histoaryske ynboel feile te litten, mar dat giet dus net troch.
Earste feilingdagen feilinghûs Ald Fryslân op nije lokaasje
Yn it Noordhollands Dagblad is te lêzen dat der yn Noard-Hollân argewaasje ûntstien is oer de feiling. Sa fertelt in histoarikus op 12 jannewaris dat hy hopet dat de feiling ôfblaasd wurdt: "Ik beschouw dit als gemeentelijk erfgoed, want de voorwerpen vertellen het verhaal over het leven in het weeshuis", seit hy tsjin it deiblêd.
As de wethâlder op 'e hichte brocht wurdt, is hy bot fernuvere. Neffens him lit de stellerij fan in portret fan kening Redbad koartlyn, sjen dat lokaal erfgoed wichtich is foar de gemeente.
Yntusken binne de stikken, wêrûnder it santjinde-iuwske Sineesk servys, al oankaam yn Wommels, Feilingmaster Haije Dijkstra: "De gemeente Medemblik hat kontakt opnaam mei de Stichting Hervormd Weeshuis Medemblik. Tegearre hawwe se besluten om in oare bestimming te sykjen."
Hoewol 't Dijkstra guon klanten teloarstelle moast, seit hy de situaasje te begripen: "Se sille no op syk nei in nije bestimming. It leafst in museum yn Medemblik. As dat slagget, is dat ek in moaie bestimming."
Dijkstra syn earste feiling as eigener fan feilinghûs Ald Fryslân begûn moandei om 19:00. Oer de hiele wrâld wei biede belanghawwers mei op in grutte kolleksje topstikken.