Nij boartersguod foar kriminelen? En nije ferhalen oer it grutste kleaster fan Fryslân

Wykoersjoch fan Omrop Fryslân
Wykoersjoch fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
It Fyske imago krijt in boost troch Joost Klein, kriminelen brûke nij boartersguod en fergetten boeken fan hast 500 jier âld skine in nij ljocht op in âld Frysk kleaster. Dat en mear yn ús oersjoch fan de wike.
It wykoersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen dy't publisearre binne op ús app en webside. Fan sport oant polityk, fan kultuer oant miljeukwestjes en alles wat fierder mar de revu passearret yn Fryslân.
Foar eltsenien dy't miskien in artikel mist hat, of gewoan nochris rêstich it ien en oar weromlêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
Sa'n ûnderwetterscooter wurdt hieltyd faker brûkt troch kriminelen
Sa'n ûnderwetterscooter wurdt hieltyd faker brûkt troch kriminelen © Omrop Fryslân

Nij boartersguod foar kriminelen?

In ûnderwetterscooter fan 6.000 euro is it nije materiaal dat kriminelen brûke om pakketsjes ûnder wetter te ferpleatsen. Yn de haven Harns waard koartlyn in persoan mei in pakketsje sjoen en efkes letter dûkte sa'n ûnderwetterscooter op.
Dy wurket as in soart torpedo: hy lûkt dûkers mei grutte snelheid troch it wetter. Ideaal foar kriminelen. René Groot wurke jierren as dûker en hat in spesjaalsaak: "Zo'n waterscooter is handig als je snel ergens in en uit wil en je je niet het leplazarus wilt zwemmen."
Joost Klein wûn ferline wike de Popprijs
Joost Klein wûn ferline wike de Popprijs © Omrop Fryslân

In vibe oan Fryslân

Lang waard Fryslân sjoen as in konservative, saaie en sleauwe provinsje, mar mei de opkomst fan Joost Klein is dat byld 180 graden draaid.
Sûnt syn útferkiezing foar it Eurovisie Songfestival en it winnen fan de Poppriis liket it hiele lân yn de ban fan de popartyst út Britsum. "Joost jout in enoarme vibe oan Fryslân."
Rolf Bremmer docht ûndersyk nei de boeken
Rolf Bremmer docht ûndersyk nei de boeken © Museum Martena

Boeken lizze de geheimen fan ús rykste kleaster bleat

"Fan de kleasterargiven is hast neat oer", fersuchtet konservator Josse Pietersma, fan Museum Martena. "It measte is fuortsmiten of weiwurden." No binne der 'nije' boeken fûn út it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast. Dat wie ea it grutste en rykste kleaster fan Fryslân.
Foar safier bekend binne dit de iennichste boeken út de biblioteek fan it kleaster dy't bewarre bleaun binne.
Undersyk nei de eksploazje fan in drugslab yn De Haule
Undersyk nei de eksploazje fan in drugslab yn De Haule © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Hoe ûntplofte in drugslab yn De Haule samar?

It wie in gigantyske eksploazje oan de Polderwei yn De Haule, doe't hast twa jier lyn in tsjettel mei gefaarlike stoffen yn in drugslab ûntplofte. In 53-jierrige man út Eindhoven kaam dêrby om it libben. Syn 22-jierrige kompaan moast tiisdei foarkomme.
Oer de eksploazje seit de fertochte dat hy net in soad mear wit. "Alleen dat het behoorlijk misgegaan is. Een agent bluste me met een tuinslang en zei: 'rustig, rustig'. Ik werd drie dagen later wakker in het ziekenhuis."
Keunstner Marian van Unen skildere har ferstoarne soan William
Keunstner Marian van Unen skildere har ferstoarne soan William © Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Keunst as treast foar ûneinich fertriet

Hoe kinst utering jaan oan fertriet, as dyn soan fan 34 stjert nei in swalktocht fan jierren by tal fan psychiatryske ynstânsjes del. Dêr binne gjin wurden foar, wit keunstner Marian van Unen. "Ik wilde het in beelden uitdrukken. Portretten die je helpen er doorheen te komen."