Liveblog | 22 jannewaris

112-nijs 22 jannewaris: Brek yn lieding foar rioelwetterôffier Dronryp

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 22 jannewaris, 15:35
15:35

Offearten tusken Lauwerseach en Skiermûntseach falle út

Ferskate ôffearten tusken Lauwerseach en Skiermûntseach ferfalle hjoed en moarn fanwegen hege wetterstannen. In oersjoch is te finen op de webside fan rederij Wagenborg.
12:02

Plysje siket tsjûgen fan mishanneling

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling oan de Raai yn Drachten ôfrûne freed. Op strjitte waard in man mishannele nei in rûzje oer it smiten fan snieballen.
It foarfal barde om 14.45 oere hinne. Minsken dy't mear ynformaasje ha, kinne har melde by de plysje.
10:48

Brânwacht sprekt fan rêstige nacht

De brânwacht hie ôfrûne nacht in "rêstige nacht". Yn de tiid dat stoarm Isha oerraasde, kamen der seis meldings binnen. Ien fan wetteroerlêst en in pear meldings fan omwaaide beammen en losse gevelplaten.
De skea foel dus ta, seit de brânwacht. As oarsaak jout de helptsjinst dat Isha de tredde stoarm fan it winterseizoen is, wêrtroch't lossittende beamdielen earder al fuorthelle of omwaaid binne. Boppedat stean beammen net mear yn bled, dus dy waaie minder gau om.
10:41

Koade giel foarby

Fryslân kleuret wer grien op de waarkaart
Fryslân kleuret wer grien op de waarkaart © KNMI
It KNMI hat ek koade giel dy't fan 'e moarn yn Fryslân jilde, beëinige. Ofrûne nacht en moarn jilde yn it Waadgebiet koade oranje en yn de rest fan de provinsje koade giel fanwegen stoarm Isha.
De KNMI hie al sein dat yn de rin fan dizze moarn de wyn fierder ôfswakje soe. De ANWB seach net in soad ynsidinten op de dyk as gefolch fan it waar. De ferkearstsjint hold rekken mei in swierdere moarnsspits as normaal troch hurde wyn en rein.
Isha wie de twadde offisjele stoarm fan dit jier yn Nederlân. Op Flylân waaide it meardere oeren mei wynkrêft 9. Dêrmei is der sprake fan in echte stoarm, meldt Weeronline.
10:01

Leidingbreuk yn Wolvegea

Oan de Hoofdstraat Oost yn Wolvegea is sprake fan in leidingbreuk
Oan de Hoofdstraat Oost yn Wolvegea is sprake fan in leidingbreuk © BTBfotografie
Oan de Hoofdstraat Oost yn Wolvegea is op it stuit sprake fan in leidingbreuk. Monteurs fan Vitens binne yn it spier om it probleem te ferhelpen. De wetterfoarsjenning kin neffens Vitens oars wêze as normaal.
In foarbygonger murk fannacht dat der wettter omheech kaam tusken de stiennen yn it sintrum en alarmearre de brânwacht. Dy konstatearre dat der sprake wie fan in lek.
Yn de haadstrjitte binne al in skoftke wurksumens. It is net dúdlik oft dy ferbân hawwe mei it lek.
09:35

Persoan swierferwûne nei botsing mei beammen

Bestjoerder swier ferwûne nei ûngelok op de Beetsterwei by Beetstersweach
Bestjoerder swier ferwûne nei ûngelok op de Beetsterwei by Beetstersweach © CAMJO media
Op de Beetsterwei by Beetstersweach is fan 'e moarn de bestjoerder fan in auto swierferwûne rekke. Hy klapte troch ûnbekende oarsaak tsjin twa beammen. De auto rekke swier skansearre.
Helptsjinsten hawwe it slachtoffer op it fytspaad earste help ferliend. It slachtoffer is dêrnei mei spoed nei it sikehûs yn Grins oerbrocht.
Ien fan de beammen knakte en kaam op it fytspaad telâne.
Persoan swierferwûne nei botsing mei beammen