Koade oranje yn Waadgebiet fan twa oere nachts oant acht oere moarns

ANP
In fearboat komt oan yn de haven fan Harns © ANP
Waarman Jan Jonkman warskôget foar de stoarm dy't yn de nacht fan snein op moandei oer de provinsje lûkt. Yn it Waadgebiet jildt koade oranje fan twa oere nachts oant acht oere moarns.
"It is net foar neat koade oranje" seit Jonkman. Oan de ein fan de middei stie der op Flylân al wynkrêft sân, seit er.
"Ik wit net oft we sprekke kinne fan in echte stoarm, dêrfoar moat it in fol oere wynkrêft njoggen wêze. Dus fan bygelyks trije oant fjouwer oere, en net fan healwei trijen oant healwei fjouweren."
Yn de twadde helte fan de nacht ferwachtet Jonkman de hurdste wyn: útsjitters fan 80 kilometer yn de oere boppe lân, en 100 oant 110 kilometer yn de oere yn it kust- en Waadgebiet.
"Benammen op de Ofslútdyk moat it ferkear dêr rekken mei hâlde, en op de fiadukten ek." De warskôging foar it ferkear jildt wat Jonkman oanbelanget oant moarnier tsien oere. "Dêrnei is der ek noch wol wyn, mar dan binne de skerpe kantsjes der wol ôf."