"Joost Klein is terjochte winner poppriis en foarbyld foar Fryske muzikanten"

Joost Klein
Joost Klein yn AFAS Live (2023) © ANP
It is gjin grutte ferrassing dat Joost Klein de poppriis wûn hat. Hy is in foarbyld foar Fryske muzikanten. Dat seit Peter Reen fan Friesland Pop.
Reen hie eins wol ferwachte dat Klein de priis winne soe. "Die kans was heel groot. Hij heeft internationaal succes. Hij heeft AFAS uitverkocht. En zijn nieuwste plaat heeft goeie recensies. Hij heeft het verdiend."
Peter Reen komt út Ljouwert en is direkteur fan Friesland Pop. Dat is in organisaasje dy't Fryske popmuzyk promoatet en jonge muzikanten advisearret.
Hy wurket al jierren yn de pop- en kultuersektor, ûnder oare by Oerol, Het Bolwerk yn Snits en Explore the North. Reen is mei-oprjochter fan Welcome to The Village, Podium Asteriks en Into the Grave.
De poppriis is in hiele belangrike priis foar muzikanten, seit Reen. "Het is een bevestiging van wat je gedaan hebt."
Klein lit sjen dat je as Fryske artyst hiel fier komme kinne, seit Reen, en dêrmei is er in rolmodel foar jonge Fryske muzikanten. "Als je hard werkt, is de sky de limit."
"Droom groot", seit Reen. It is ek de titel fan ien fan de nûmers fan Joost Klein.
De teksten fan Klein geane soms oer seks en drugs, mar de dea fan syn âlders komt ek oan de oarder. Doe't er tolve wie, ferstoar syn heit oan kanker. Syn mem ferstoar amperoan in jier letter.
"Het is een rollercoaster aan emoties", seit Reen dêroer. "Hij blijft dicht bij zijn gevoel, dat spreekt veel mensen aan."
Doe't er de poppiis krige, sei Klein dat der jierrenlang 'heel nare dingen' by him troch de holle giene. "Maar ik heb gelukkig mijn muziek gevonden."
"Ik hoop dat jullie je omgeving en je vrienden af en toe een simpele 'hoe gaat het?' geven. Ik denk dat dat soms een heel groot verschil kan maken."
Sa kriget Joost Klein de poppriis 2023
Klein groeide op yn Stiens en Britsum. Yn syn optredens brûkt er faak de Fryske flagge. "Hij is trots op zijn provincie", seit Reen.
De provinsje is ek grutsk op Klein. Binnen in oere neidat Klein de poppriis yn ûntfangst naam hie, waard er út namme fan de provinsje online lokwinske troch deputearre Sijbe Knol.
Reen begrypt dat wol. "Klein is een bekende Nederlander, die vol trots uitdraagt dat hij uit Fryslân komt."
Joost Klein
Op Lowlands lit Klein sjen dat er út Fryslân komt © ANP
De stichting Friesland Pop rjochtet him benammen op nije talinten, seit Reen. "Die proberen we zo goed mogelijk te begeleiden."
Klein is foar syn stichting in maat te grut. "Hij is nu superver in zijn carrière, als je kijkt naar hoe groot je kunt worden in Nederland."
It súkses fan Klein is goed foar de Fryske muzyk, seit Reen. "Het is goed voor ons, en voor de hele provincie, om dat te zien. Hij is echt een voorbeeld."
"Droom groot. Beter kunnen we het niet uitdrukken."