Ynspeksje: ekstra tafersjoch bliuwt nedich by Woodbrookers

Efter de slachboom by Woodbrookers
Efter de slachboom by Woodbrookers © Omrop Fryslân
Der binne noch in soad punten dy't better moatte by jeugdsoarchynstelling Woodbrookers yn Koartehimmen. Dat seit de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd.
De ynspeksje wol om de twa moannen ynformearre wurde oer ferbetteringen dy't noch trochfierd wurde moatte. Dat stiet yn in rapport dat makke is nei oanlieding fan in besite yn oktober ferline jier.
Oanlieding foar it ûndersyk is de rappe delgong fan it tal plakken yn de sletten jeugdhelp. De ynspeksje is benaud dat jongerein en famyljes net op tiid goede help krije.
Oan de hân fan ditsoarte ûndersiken wol de ynspeksje 'frijheidsbeheinende maatregels' beheine.
Neffens de ynspeksje dogge meiwurkers fan Woodbrookers harren best om foar alle jongeren goed ûnderwiis en passende help te regeljen.
Der is ek hurd wurke om foar te kommen dat bern opsletten wurde. Dêr slagget de ynstelling net folslein yn, skriuwt de ynspeksje, mar it bart wol hieltyd minder, en it ferrint meastal neffens de ynstruksjes.

Maatregels nimme

Der moatte fierder maatregels naam wurde om de kwaliteit en feiligens te ferbetterjen. Sa sjocht de ynspeksje dat it in soad freget fan wurknimmers om it wurk fol te hâlden.
Jeugdhulp Fryslân seit dêr al mei dwaande te wêzen. Sa binne der petearen mei wurknimmers oer de feiligens en ek oer de takomstplannen fan Jeugdhulp Fryslân as it giet om de yntinsive begeleiding fan jongerein.
In boerd by Woodbrookers
In boerd by Woodbrookers © Omrop Fryslân
De ynspeksje fynt ek dat Woodbrookers mear dwaan moat oan de privacy fan de jongerein yn de ynstelling: de sliepkeamers soene minder faak ynspektearre wurde moatte.
Boppedat moatte âlden sein wurde dat se mei klachten fuort telâne kinne by in klachtenkommisje of in ûnôfhinklike fertrouwenspersoan.
Jeugdhelpynstelling Woodbrookers kaam de ôfrûne jierren faak negatyf yn it nijs. Der wiene misstannen en bern waarden somtiden mei pineprikkels yn betwang hâlden.
Yn oktober makke direkteur Johan Krul dêrfoar ekskuzen oan de âld-kliïnten. Dêrnei stapte hy op.
De ynspeksje wol ek yn petear mei de belutsen gemeenten. Dy ha in grutte ferantwurdlikens as it giet om stellen fan betingsten foar goede soarch. Benammen om sa in goed helpoanbod te krijen foar jongeren dy't op de yntinsive jeugdhelp oanwiisd binne.
Jeugdhulp Fryslân hat earder al oanjûn hurd te wurkjen oan ferbettering. Dat skriuwe se ek yn reaksje op dit rapport.
De lokaasje yn Koartehimmen wurdt oanpast en der wurdt fol ynset op lytsere groepen. Dêr sitte dan maksimaal fjouwer bern mei twa begelieders. Dêrneist wurdt folop ynset op previnsje en help oan hûs.