Minister Adema siket Europeeske oplossing foar dongoerskot

ANP
Dizze boer rydt rûge dong út oer it lân © ANP
Europa moat boeren sa gau as mooglik tastean om de keunstdongferfanger renure te brûken. Want dat kin helpe by it probleem fan it dongoerskot dat driget. Dat wol Piet Adema, demisjonêr minister fan lânbou.
No't boeren sûnt dit jier minder dong oer har lân útride meie, bliuwe se mei in grut part derfan sitten. Want se kinne it net allegear kwyt.
Renure is bewurke dong dy brûkt wurde kin as ferfanger fan keunstdong. Dat middel tastean, soe meardere problemen tagelyk oplosse kinne. Boeren reitsje dermei fan har dongoerskot ôf en se hoege gjin keunstdong te brûken, dat skealik is foar it miljeu.
Renure is in Ingelske term. It stiet foar 'REcovered Nitrogen from manURE'. It giet dus om stikstofhâldende dongstoffen dy't helle wurde út dong fan fee of út digestaat. Dat is it guod dat oerbliuwt nei it fergêstjen fan dong.
De lidsteaten fan de Europeeske Uny prate al langer oer renure. It al of net tastean is ûnderwerp fan in bredere diskusje oer nutriïnten: fiedingsstoffen dy't helpe by in bettere groei fan gewaaksen. Mar dy petearen binne noch net dien.
Dizze boer is oan it jarjen
Dizze boer is oan it jarjen © Omrop Fryslân
De demisjonêr minister fan lânbou pleitet der no foar om de keunstdongferfanger no al ta te stean, yn ôfwachting fan dat totaalprogramma foar nutriïnten.
De Europeeske lânbouministers treffe elkoar moandei en it ûnderwerp stiet op de aginda. Mar oft de kollega's fan Adema syn foarstel om renure no al ta te stean oernimme, is noch net dúdlik.
It Europeesk Parlemint hat al wol sein dat dat de keunstdongferfanger tastean wol.