Liveblog | 21 jannewaris

112-nijs 21 jannewaris: Plysjes mei lutsen wapens pakke trije Friezen op foar sjitynsidint

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 21 jannewaris, 21:31
21:31

Protte reek by brân yn wenning Twizel

Twizel
Der soe in ôfwaskmasine yn de brân flein wêze © ProNews
De brânwacht fan Bûtenpost is útriden foar in brân yn in wenning yn Twizel. Doe't de brânwacht oankaam stie de wenning fol reek.
Neffens omstanners stie der in ôfwaskmasine yn de brân.
17:43

Drugsrider oanholden mei poeier ûnder de noas

ANP
Plysje © ANP
In man (18) út de gemeente Achtkarspelen hie it wite poeier noch ûnder de noas doe't er oanholden waard, mar hy ûntkende dat er ûnder ynfloed fan drugs riden hie. De plysjeman dy't him oan de kant sette, frege noch oft er dan oan de oaljekoeken sitten hie, mar dat wie ek net sa.
Neidat in speekseltest posityf útsloech foar drugs is de man meinaam nei it plysjeburo fan Dokkum. Dat meldt streekomrop RTV NOF. De plysje hat in bloedproef dien dy't definityf útwize moat oft de man ûnder ynfloed fan drugs wie.
17:14

Auto fljocht samar yn de brân op sneldyk

auto
De auto is wyt fan it blussen © BTB Fotografie
Op de A32 by Aldeholtwâlde is in auto samar yn de brân flein. Doe't de bestjoerder dat yn de gaten krige, parkearde se op in parkearterrein op de ôfrit by in benzinestasjon.
Doe't de brânwacht kaam, hie de frou it fjoer sels al útkrigen. It is net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. In jonkje dat yn de auto siet hat fan de brânwachtminsken in knuffelbear krigen foar de skrik.
15:28

Jan Jonkman: "Net foar neat koade oranje"

ANP
Hurde wyn op de seedyk by Harns © ANP
"It is net foar neat koade oranje." Dat seit waarman Jan Jonkman. Hy warskôget foar de stoarm dy't jûn en fannacht oer Fryslân lûkt. Yn it Waadgebiet jildt koade oranje fan twa oere nachts oant acht oere moarns.
"Op Flylân stiet no al wynkrêft sân, mei útsjitters fan acht of njoggen", seit Jonkman.
13:18

Kommende nacht koade oranje foar it Waadgebiet

ANP
In fearboat komt oan yn de haven fan Harns © ANP
It KNMI hat foar kommende nacht en moandeitemoarn koade oranje ôfjûn foar it Waadgebiet. Troch stoarm Isha wurde tige swiere wynstjitten ferwachte fan tusken de 100 en 110 kilometer yn 'e oere.
Der wurdt warskôge foar mooglike skea en gefaar troch omfallende beammen. De stoarmige wyn komt út it súdwesten.
11:31

Trije Drachtsters oanhâlden foar sjitynsidint yn Harkstede

Grins
De fertochten waarden oanholden yn Grins © Persbureau Meter
De plysje hat mei lutsen wapens trije manlju út Drachten oanhâlden foar mooglike belutsenheid by in sjitynsidint yn Harkstede yn Grinslân. It giet om twa 18-jierrigen en in man fan 19.
It ynsidint fûn ôfrûne nacht plak. Der soe mei in fjoerwapen sketten wêze oan de Benningweg yn Harkstede, mar der rekke net ien ferwûne. Nei alle gedachten lei de oanlieding fan it ynsidint yn de relasjonele sfear.
De fertochten wiene útnaaid, mar de plysje koe se letter yn Grins oanhâlde. Njonken de Drachtsters gie it ek noch om in 22-jierrige man en in 17-jierrige frou út Grins.
De plysje hat in fjoerwapen en in auto yn beslach nommen foar ûndersyk. De fertochten sitte fêst en wurde heard.