Joost Klein earste Fryske winner fan prestizjeuze poppriis op Eurosonic Noorderslag

ANP
Joost Klein op Eurosonic Noorderslag © ANP
De Fryske artyst Joost Klein hat de poppriis fan 2023 wûn. Hy is de earste Fries dy't wint yn de 37 jier dat de poppriis bestiet.
De sjonger en rapper, dy't opgroeide yn Britsum, giet yn maaie foar Nederlân nei it Eurovisie Songfestival. Hy krige de priis op it festival Eurosonic Noorderslag.
De poppriis is ien fan de meast prestizjeuze muzykprizen fan it lân, en giet alle jierren nei de band of artyst dy't yn dat jier de belangrykste bydrage levere hat oan de Nederlânske popmuzyk.
Foarich jier wûn Goldband de priis, en it jier dêrfoar wûn DI-RECT. Ek Ronnie Flex (2018), The Opposites (2013), BLØF (2003), Anouk (2001) en Herman Brood (1989) ha de priis earder wûn.
'Ik ben blij dat ik nu met Spinvis en de Jeugd van Tegenwoordig op een wikipediapagina kom te staan", wie syn earste reaksje. "12 points go to The Netherlands", rôp er, neidat er as winner útroppen wie.
"Jarenlang spookten hele nare dingen door mijn hoofd. Maar ik heb gelukkig mijn muziek gevonden. Ik hoop dat jullie je omgeving en je vrienden af en toe een simpele 'hoe gaat het?' geven. Ik denk dat dat soms een heel groot verschil kan maken."
ANP
Joost Klein hat de priis yn hannen © ANP
Klein (26) makke it ôfrûne jier yndruk, neffens de sjuery, "met liedjes waarin op unieke wijze de tijdgeest wordt gevangen". Hy boekte ek ynternasjonaal súkses yn de hitlisten.
"Zijn liedjes verhalen over ernstig persoonlijk leed, zijn geestelijke problemen en de chaos van jong zijn anno 2024, maar zijn nooit gespeend van humor en bieden zijn luisteraars naast relativering en herkenning ook hoop."
"Muzikaal heeft Joost een eigen signatuur, waarin de constante stroom van prikkels, een korte aandachtsspanne en zelfspot verklankt worden in aansprekende liedjes."
ANP
Joost Klein op Eurosonic Noorderslag © ANP
Klein makke earder YouTube-fideo's ûnder de namme EenhoornJoost, mar fan 2016 ôf rjochtet hy him folop op de muzyk. De ôfrûne jierren makke hy ûnder oare de albums Albino, 1983 en Fryslân.
Sûnt foarich jier is er ek yn Dútsktalige lannen bekend. Mei it nûmer Friesenjung hie er in grutte hit. Dat makke hy mei de rapper Ski Aggu út Berlyn. It liet is in bewerking fan Englishman in New York fan Sting.

Sjuery

De sjuery fan de poppriis bestie dit jier út Rob Ester (Qmusic), Fernando Halman (FunX), Veronica van Hoogdalem (Omroep ZWART / Praat Muziek Met Me), Lois de Jong (NTR), Patrick Onderweegs (Kunstenbond), Joost Neelemans (Apple Music), Roosmarijn Reijmer (NPO 3FM), Joey Ruchtie (De Oosterpoort / ESNS), Anna Veenstra (Melkweg) en Maartje Glas (Buma Cultuur, foarsitter sjuery).
De priis bestiet út in jildbedrach fan 10.000 euro en in byld fan Theo Mackaay.
Yn 1998 gie de popprijs nei Junkie XL (Tom Holkenborg). Dy is net yn Fryslân berne, mar hy wenne wol in skoft yn Ljouwert en spile yn de Fryske band Weekend at Waikiki. No wennet er yn Amearika.