Frou dy't ein makke oan festival is no 'direkteur fan it jier'

Eva van Netten yn de band BlackboxRed op poadium V11 yn Rotterdam
Eva van Netten spilet yn de band BlackboxRed © Marcel van Leeuwen op Flickr (cc)
De frou dy't besletten hat in ein te meitsjen oan it festival Welcome to the Village yn Ljouwert is útroppen ta direkteur fan it jier.
Dat barde op it muzykfestival Eurosonic Noorderslag yn Grins. Dêr waarden fakprizen útrikt fan de bransj-organisaasje foar poppoadia en festivals.
Direkteur Eva van Netten fan Welcome to the Village hat neffens de faksjuery 'in bûtengewoane prestaasje' levere troch in 'hast ûnmooglike' beslissing te nimmen.
Nei tsien jier luts se de stekker út it festival, doe't dúdlik wie dat it net mear holden wurde mocht yn it Griene Stjergebiet.
ANP
Welcome to the Village yn 2017 © ANP
De earste edysje fan Welcome to The Village wie yn 2013. Trije jier letter waard it útroppen ta it meast ynnovative festival fan Nederlân. Troch de jierren hinne stiene tal fan nasjonale en ynternasjonale artysten op de programmearring, sa as Franz Ferdinand, De Staat, Wende Snijders en Mark Lanegan.
It beslút om dermei op te hâlden wie neffens de sjuery op Eurosonic Noorderslag "met het streven naar het behouden van het oorspronkelijke festivalideaal. Standvastig en onverzettelijk heet dat."
"Ze inspireerde, ook na dit besluit, medewerkers en collega-directeuren door het team bij elkaar te houden, vaak samen te komen en aandacht te schenken aan de toekomst van lotgenoten na het festival."

Meast yndrukwekkende prestaasje

De priis foar de meast yndrukwekkende prestaasje op it mêd fan duorsumens gie nei it festival Into The Great Wide Open op Flylân. De organisaasje wol net allinne folslein klimaatneutraal wurde, mar ek alle útstjit fan eardere edysjes kompinsearje.
ITTGWO
De band Charlot by in optreden op Into The Great Wide Open (2023) © ANP
"Ze zijn buitencategorie", seit de sjuery. "Het afgelopen jaar heeft deze organisatie reuzenstappen gezet naar klimaatneutraliteit."
De organisaasje fan it festival is it dêrmei iens. "Het festival ging bijna helemaal van de aggregaten af. Daarmee werd 6000 liter diesel bespaard, ten opzichte van de 9000 liter die we vorig jaar nog nodig hadden."