"Utsjitters fan wynkrêft 11 en temperatuer fljocht omheech"

ANP
Stoarm yn Lauwerseach © ANP
It waar slacht om. Dat seit waarman Jan Jonkman. Hy warskôget oant en mei sneintemoarn noch foar glêdens, mar middeis giet de temperatuer mei sprongen omheech, seit er.
Sneintemiddei hellet de wyn oan, en yn de nacht fan snein op moandei kinne der yn it waadgebiet útsjitters wêze oant yn wynkrêft 11, seit Jonkman. "We geane fan it iene úterste nei it oare."
It KNMI hat snein twa kear koade giel ôfkundige foar Fryslân. Earst moarns fan sân oant alve oere, foar glêdens, en dêrnei jûns en nachts, fan tsien oere ôf oant moandeitemoarn om njoggen oere, foar swiere wynstjitten fan mear as 100 kilometer yn de oere oan de kust.
Jonkman seit dat der snein in waarmtefront oer de provinsje lûkt. De storein en wiete snie dy't moarns noch falt, kin foar glêdens soargje op plakken dêr't it dan noch ûnder nul is. Hy warskôget ek foar izel.

Hurde wyn

Sneintemiddei fljocht de temperatuer omheech, seit Jonkman. Dan kin it samar sân graden wurde. De wyn hellet dan oan oant wynkrêft seis yn de provinsje, mei útsjitters fan wynkrêft sân of acht yn it kust- en Waadgebiet.
Yn de nacht fan snein op moandei hellet de wyn noch fierder oan. Dat wurdt stoarmeftich, seit Jonkman, en oan de kust en op see kin de wynkrêft yn útsjitters wolris útkomme op alve Beaufort.
Moandeitemoarn binne der yn de spits ek noch kâns op buien. Dêr moat it ferkear rekken mei hâlde, seit Jonkman.