De biologyske merk bliuwt efter mar Regina iepenet in nije winkel

Regina Deinum
Regina Deinum runt de biologyske winkel © Omrop Fryslân
De omset fan biologyske produkten giet omheech, mar de merk sels groeit mar kwealik. Yn Sondel doarre se it dochs oan. Dêr is no in nije biologyske winkel iepene.
Dat de omset groeit, al is it mar in heale prosintpunt, hat ûnder oare te krijen mei ynflaasje. It komt ek trochdat konsuminten faker en mear biologyske produkten keapje. Dat blykt út ûndersyk.
Dit is de nije biologyske winkel yn Sondel
De groei bliuwt efter by de ferwachting. "Dat kin in imagokwestje wêze", seit Regina Deinum. Sy hat mei har famylje in winkel dy't ûnderdiel is fan de biologysk-dynamyske Graasboerderij yn Sondel.

Te min bioboeren

"Wy sjogge hjir yn de lêste jierren in enoarme groei. Hieltyd mear minsken ite bewust. Dêrom kinne wy dizze stap no meitsje. Mar der binne och te min bioboeren dy't op gruttere skaal produkten meitsje kinne."
Deinum tinkt dat de biologyske winkel foet oan de grûn begjint te krijen. "Der komme sels minsken út Ljouwert wei foar ús suvel of fleis."
Biologyske winkel by Graasboerderij
Biologyske winkel by Graasboerderij © Omrop Fryslân
De pleats spilet in wichtige rol by de winkel. "De suvel komt fan de eigen pleats en de griente fan boeren út de omjouwing." Der mei net tefolle foar riden wurde. "We besykje in ôfstân fan maksimaal 50 kilometer oan te hâlden", seit Deinum.

De smaak fan eartiids

De winkel kin fuort al rekkenje op in soad oanrin: klanten dy't in bewuste kar meitsje. "De griente smakket folle better", seit Catrien. Se komt al jierren by de pleats foar suvel.
"Hjir witte je dat der gjin fergif by brûkt is. Fergif, it seit it al, dat wolle je net yn je lichem ha."
Dat is ek de reden dat Foekje nei de winkel ta komt. "En om de smaak fan eartiids werom te krijen. De suvere smaak fan de griente. It ferskil kinst dúdlik priuwe."

Takomst

Deinum hat fetrouwen yn de takomst. De winkel mei dan net op in saneamde A-lokaasje sitte, de produkten en de wurkwize lûke wol klanten, seit se.
"Wat we biede is unyk. We hoopje echt dat we sa mear boeren oer de streek lûke kinne om dit te dwaan, mar ek dat we mear minsken oertsjûgje kinne lokaal te iten."