Ausnutria neamt staking 'ethisch onaanvaardbaar', mar fakbûnen sette troch

ANP
Yn 2022 waard der boud oan de fabryk fan Ausnutria yn Hearrenfean © ANP
Wurknimmers fan molkpoeierbedriuw Ausnutria op It Hearrenfean en yn Ljouwert lizze oant en mei tongersdei massaal it wurk del. Sy binne lilk oer de ôfwikkeling fan in grutte ûntslaggeronde.
By de fêstigingen op It Hearrenfean en yn Ljouwert, Kampen, Zwolle en Ommen wurkje sa'n 900 minsken. Earder makke it bedriuw al bekend dat der 160 banen skrast wurde. Yn Ljouwert ferdwine 60 banen. It fabryk yn Ommen ferdwynt hielendal.
Fakbûnen FNV en CNV binne ferbjustere oer de ôfwikkeling fan de ûntslaggen.
Ausnutria sit finansjeel al skoften yn swier waar. Dat komt trochdat de fraach nei molkpoeier yn Sina hurd weromrint. Dat is de belangrykste merk foar it bedriuw.
Yn Sina wurde hieltyd minder poppen berne, en der komme mear bedriuwen dy't lokaal molkpoeier produsearje.
"Ausnutria wil op een koopje reorganiseren", seit Ron Vos fan fakbûn FNV. De fakbûnen wurde it net mei Ausnutria iens oer de regeling foar de ûntslaggen en it sosjaal plan dat deroan keppele is. Se wolle in hegere ûntslachfergoeding.
"Ausnutria heeft het momenteel financieel zwaar, maar de voorgaande boekjaren waren op zich prima", seit Vos.
"Ze hebben tussen 2018 en 2022 430 miljoen euro aan de aandeelhouders kunnen betalen. Ons sociale plan kost acht miljoen euro en dat is dan ineens te veel gevraagd?"

Haadsponsor

Ausnutria is no noch haadsponser fan sc Hearrenfean. Earder dit jier liet it molkpoeierfabryk al witte dêrmei op te hâlden. "Door recentelijke ontwikkelingen in ons belangrijkste afzetgebied en de daaruitvolgende reorganisatie zijn we genoodzaakt om te stoppen", sei direkteur Bart van der Meer fan Ausnutria doe.
"We hebben aandachtig bekeken of we de samenwerking konden voortzetten, maar gelet op onze huidige situatie hebben we helaas moeten concluderen dat dit niet haalbaar is."
ANP
Patrik Wålemark fan sc Hearrenfean © ANP
Ausnutria wol no net foar Omrop Fryslân reagearje, mar liet earder wol yn in ferklearring witte de staking te betreurjen. "Hoewel wij het stakingsrecht uiteraard respecteren, doen wij een beroep op de vakbonden om de stakingen op een verantwoorde manier te laten verlopen."
It bedriuw doelt dêrmei op it fergriemen fan molke. Dy is wol ophelle, mar de ferwurking leit de kommende dagen stil.
"Het op meerdere productielocaties tegelijkertijd staken, brengt het risico met zich mee dat wij grote hoeveelheden melk en/of wei moeten laten vernietigen. In een wereld waar voedselverspilling een centraal thema is, is dit ethisch onaanvaardbaar."