Liveblog | 20 jannewaris

112-nijs 20 jannewaris: Syktocht yn wak by boarterstún yn Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 20 jannewaris, 21:39
21:39

'Brand meester' yn It Heidenskip

De brân yn It Heidenskip is út. Dat meldt de brânwacht. "We zijn aan het inpakken en gaan dan retour kazerne."
21:18

Skoarstienbrân yn It Heidenskip

Brânwacht stock
Brânwacht © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De brânwacht is yn It Heidenskip dwaande mei in skoarstienbrân. Yn it boppeste part fan de skoarstien sit fjoer, meldt de brânwacht. Mei help fan in heechwurker wurdt it útmakke.
It liket derop dat de flammen net oerslein binne nei it reiden tek fan de pleats. De brânwacht hat de skoarstien fage.
18:05

Warskôging foar glêdens

ANP
Stoarm yn Lauwerseach © ANP
Waarman Jan Jonkman warskôget oant en mei sneintemoarn foar glêdens. Dêrnei slacht it waar om, seit er.
Sneintemiddei hellet de wyn oan, en yn de nacht fan snein op moandei kinne der yn it waadgebiet útsjitters wêze oant yn wynkrêft 11, seit Jonkman. "We geane fan it iene úterste nei it oare."
17:13

Syktocht klear: earder op de middei sakke in bern troch it iis

Bylden fan de syktocht yn Ljouwert
De syktocht yn Ljouwert is klear. Der is net ien oantroffen. Dat meldt de brânwacht.
Helptsjinsten wiene massaal útriden neidat ien in slide oan de wetterkant sjoen hie, en spoaren yn de snie. Dêr't de spoaren opholden, wie in wak yn it iis. "Sa'n melding nimme we hiel serieus", seit in wurdfierder fan de brânwacht.
Under it sykjen waard dúdlik dat der earder op de middei op itselde plak in bern troch it iis sakke wie. "Dy ynformaasje kaam fan de plysje. Mar foar de wissicheid ha ús dûkers wol fierder socht."
17:03

Traumahelikopter yn Ljouwert

heli
De helikopter landt yn de buert fan de boarterstún © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Der is in traumahelikopter oankaam op it plak fan it wak. Brânwachtminsken ha dêr suver de hiele sleat trochsocht, mar oant no ta is der gjin slachtoffer oantroffen. Wol lei der in slide oan de wetterkant.
It is net dúdlik oft der ien fermist wurdt.
16:57

Syktocht nei slachtoffer ûnder iis yn Ljouwert

CAMJO
Brânwachtminsken yn it iis © CAMJO Media
Yn Ljouwert binne brânwachtminsken manmachtich op syk nei in slachtoffer dat mooglik ûnder it iis bedarre is yn in wak by in boarterstún yn de wyk Cammingabuorren.