Van Wonderen: "Het was een hele matige vertoning en dat begint bij de hoofdcoach"

Trainer Kees van Wonderen
Trainer Kees van Wonderen © Orange Pictures
"Op alle fronten kwamen wij vandaag tekort", seit trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean, dat mei 3-0 fan Excelsior ferlear.
Syn ploech stie der net al te bêst op. "Met 12 of 13 spelers hadden we nog niet gewonnen. Het was gewoon geen goede vertoning vandaag. Dat moet anders", stelt de trainer.
It wikseljen fan Walemark en Tahiri foar Nunnely en Van Amersfoort yn de 40e minút hat net genôch fertuten dien. "Dat heeft niets teweeggebracht. Het heeft niet geleid tot beter of anders spel. Het zat er gewoon niet in vandaag."
Kees van Wonderen
Dêrby wiist Van Wonderen ek nei himsels. "Het was gewoon een hele matige vertoning. En dat begint bij de hoofdcoach, want die is daar verantwoordelijk voor. Dat is de conclusie vanavond."
De spilers lieten harren ûntefredenens yn de klaaikeamer ek blike. "De onvrede over het spel, de vechtlust, de houding. Dat we zo niet op het veld mogen staan met elkaar, dat we onszelf tekort doen."
Denzel Hall hie gjin goede wedstriid, mar Van Wonderen keas der yn 't earst net foar om de rjochtsback te ferfangen. Dat binne "afwegingen die je als coach maakt", seit Van Wonderen. "Er zijn meer jongens die een moeilijke wedstrijd hebben gespeeld. Dat mag, we zijn allemaal mensen."
Nettsjinsteande de dramatyske wedstriid tinkt Van Wonderen noch wol dat syn ploech op de goede wei is. "Dan heb ik het niet over vanavond", seit hy. Mar it spyljen waard yn de ôfrûne wedstriden better. "Het vertrouwen is er zeker, dus daar gaan we vrolijk mee verder, als het aan mij ligt."
Pelle van Amersfoort
Oanfaller Pelle van Amersfoort begûn it duel tsjin Excelsior op de bank. "Vorige week had ik moeten scoren en dat deed ik niet. Daar werd ik op afgerekend als spits."
Oan de ein fan de earste helte waard de spits yn it fjild brocht troch Van Wonderen. Oer de wedstriid kin Van Amersfoort koart wêze. "Het was van onze kant belachelijk, het is echt om te schamen."

"Slappe hap"

Hoe't it kin dat syn ploech sa min spile? "Ik denk dat het met gedrag te maken heeft", seit Van Amersfoort. "Als we zo op het veld staan als een slappe hap, dat kan gewoon niet. Zeker niet als sc Heerenveen. We gaan elkaar even goed de waarheid vertellen deze week, anders wordt het een heel zwaar seizoen."
Ek oanfierder Sven van Beek siet nei ôfrin fan it duel bot yn de mage mei de hurde nederlaach. "Verliezen kun je altijd, maar de manier waarop het vanavond is gegaan. Eigenlijk ging alles fout wat er fout kon gaan."
In echte oarsaak foar it minne spul kin de oanfierder net jaan. "Maar ik denk wel dat iedereen na vandaag in de spiegel moet kijken. Hoe heb ik gepresteerd en hoe heb ik op het veld gestaan? Heb ik wel alles gegeven?"
Van Beek hat lykwols noch wol fertrouwen yn syn trainer en tinkt dat de ploech it negative omdraaie kin. "We hebben een goede reeks gehad, maar we hebben nu weer een mindere reeks."
Sven van Beek
Wa't wol wiis wie mei de einútslach wie Kik Pierie, fansels âld-spiler fan sc Hearrenfean. Hy lei der in skoft út fanwegen in ankelblessuere, mar foel yn de twadde helte yn by Excelsior.
"Het team draaide super, hele grote complimenten", neffens Pierie. "Voor mij was het vanavond een warm bad waar ik kon invallen. Toen werd het ook nog 3-0 en was de wedstrijd gespeeld."
De 23-jierrige ferdigener fielt him thús yn Rotterdam. "Deze club is zo warm, van alle kanten. Het is echt een familieclub. Dat ervaar ik nu en dat is super gaaf."
Kik Pierie