In duel fan desepsje: min ferdigenjend Hearrenfean ferliest mei 3-0 fan Excelsior

sc Hearrenfean hie it neisjen
sc Hearrenfean hie it neisjen © Orange Pictures
It wie in minne, minne wedstriid foar sc Hearrenfean, dat yn Rotterdam ferlear fan Excelsior. Knoffelich balferlies en in beroerde ferdigening wiene debet oan in einstân fan 3-0 foar Excelsior.
De Feansters spilen út op it keunstgers fan it Van Donge & De Roo Stadion yn Rotterdam, better bekend as Woudestein.
Hearrenfean wie oan it begjin fan de wedstriid noch de ploech dy't better fuotballe. De spilers hiene mear balbesit as de tsjinstanner. Hearrenfean krige in twatal kear in kânske, mar it bleau sykjen nei in gat yn de ferdigening fan Excelsior.

Fuort op efterstân

Dochs wie it Excelsior dy't oan it langste ein luts. Couhaib Driouech makke yn de 18e minút it earste doelpunt. Hy is nota bene in fuotballer dy't oant 2021 noch by Hearrenfean spile.
De ploech fan trainer Kees van Wonderen lette net goed op en ferdigene min. It doelpunt fan Driouech makke dat Hearrenfean fuort wer oan de bak moast.
Osame Sahraoui
Osame Sahraoui © Orange Pictures
Noch gjin seis minuten letter joech Hearrenfean alwer in goal fuort. Troy Parrott profitearre fan in flater fan Hearrenfean en makke de 2-0 foar Excelsior. De Feanster ferdigening wie alwer oan it klongeljen, wêrtroch't Parrott de bal maklik by Andries Noppert del skowe koe.
Excelsior wist de foarsprong dêrmei al te ferdûbeljen en it skeelde net folle oft it hie binnen ien healoere al 3-0 wurden. Noah Naujoks rekke twa kear de peal mei in kopbal en Kenzo Goudmijn skeat de bal dêrnei oer it doel hinne.

Minne ferdigening

Denzel Hall en Sven van Beek makken bepaald gjin goede beurt, de ferdigening fan Hearrenfean like nearne nei. Osame Sahraoui waard ien kear efkes gefaarlik, mar syn bal bedarre neist it goal fan Stijn van Gassel.
Van Wonderen besleat Walemark en Tahiri fan it fjild ôf te stjoeren en se yn te ruiljen foar Nunnely en Van Amersfoort. De supporters lieten fluitsjend witte dat sy leaver hiene dat rjochtsback Hall it fjild ôf gie.
Luuk Brouwers yn aksje
Luuk Brouwers yn aksje © Orange Pictures
Yn de ien minút blessueretiid dy't noch oan de earste helte taheakke waard, krige Arthur Zagré noch in grutte kâns mei in counter. Mar trochdat Noppert himsels grut meitsje koe, wie hy efkes de rêding foar Sportklup Hearrenfean.
Kees van Wonderen hie net in goede jûn
Kees van Wonderen hie net in goede jûn © Orange Pictures
Nei't Hearrenfean de klaaikeamers út kaam, begûn de ploech goed. Mar it sakke al wer gau fuort: de spilers wiene net by steat harren kwaliteiten sjen te litten.

Noppert keart 'm net

De ôfgong foar de Feansters wie kompleet doe't Lazaros Lamprou yn de 63e minút de fiere hoeke wist te berikken. Noppert wist krekt dêrfoar in skot fan Horemans noch te kearen, mar kaam diskear net goed út de goal wei. Dêrtroch koe Lamprou de 3-0 binnen de latten krije.
"Always look on the bright side of life", songen de supporters op de tribune, mar foar Hearrenfean wie it in dramatyske fertoaning.
Thom Haye en Simon Olsson waarden nei de kant helle om plak te meitsjen foar Espen van Ee en Charlie Webster. En skoftke letter waard Hall ferfongen troch Djenahro Nunumete. Ut it publyk wei klonk jûchheigerop.
In ferskil mocht it lykwols net mear meitsje en ek yn de blessueretiid folgjen gjin kânsen mear foar Hearrenfean. De wedstriid einige yn 3-0, wêrtroch't Hearrenfean op in tsiende plak stiet.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert, Hall, Van Beek, Bochniewicz, Braude, Hayw, Tahiri, Olsson, Brouwers, Walemark, Sahraoui
Opstelling Excelsior Rotterdam: Van Gassel, Horemans, El Yaakoubi, Widell, Lamprou, Parrott, Goudmijn, Zagré, Driouech, Naujoks, Baas