Nije Fryske film: spanning tusken boer en soan nei sededelikt

Baarch
Reklamebyld fan de film 'Baarch' © Vitruvian Man Films
De opnames foar in nije koarte Fryske film mei de titel Baarch binne dizze wike dien yn en om Ljouwert. Yn de film stiet de cancel-kultuer yn in lytse mienskip sintraal.
De soan fan boer Nanne komt werom út de finzenis yn in hechte, Fryske plattelânsmienskip telâne. Hy hat in sededelikt plege. Der ûntstean spanningen tusken de boer en de soan, mar ek tusken de famylje en de doarpsbewenners.
Meardere bekende Fryske akteurs dogge mei. De cast bestiet út: Marcel Faber, Romke Gabe Draaijer, Tamara Schoppert, Jan Arendz, Marijke Geertsma, Nynke Heeg en Eva Meijering.
Achter de skermen by de nije film 'Baarch'
De makkers hawwe de ambysje om in lytse ynternasjonale toer by filmfestivals del te meitsjen, seit regisseur Rutger Veenstra.
"De film giet nei it Nederlands filmfestival en komt ek yn it Noarden te draaien op it Noordelijk Filmfestival. Mar dêrfoar wolle we noch even it bûtenlân yn nei festivals."

"Mag best wat schuren"

De film sit neffens produsint Bart Dokter yn de hoeke fan it arthouse-genre. "De film mag best wel wat schuren of wat losmaken. Het hoeft niet shockerend te zijn, maar het mag mensen wel bewegen."
As it om cancel-kultuer giet, is it neffens de makkers goed dat minsken neitinke oer hoe't se dêr sels mei omgean. "Hoe snel kom je tot een oordeel en in hoeverre laat je je leiden door wat andere mensen doen", leit Dokter út.
Veenstra en Dokter hawwe tegearre filmproduksjebedriuw Vitruvian Man Films oprjochte en kieze spesifyk foar Fryske films. Baarch spilet him ôf op in buorkerij en is yn trije dagen opnaam. De film moat oan de ein fan it jier klear wêze.