Falsk berjocht oer 'sjitpartij' yn Jobbegea ferspraat, ferstjoerder hat him meld

De plysje yn de omkriten fan Jobbegea
De plysje yn de omkriten fan Jobbegea © CAMJO Media
De plysje hat te lijen hân fan in falsk berjocht oer in sjitpartij by Jobbegea. Dêr wie lykwols hielendal gjin sprake fan, it lûd kaam fan de knalpiip fan in auto. It falske berjocht soarge foar in soad ûnrêst.
De plysje nimt de situaasje tige serieus. Der wie wol echt in 112-melding, dy't om 11.30 oere hinne by de plysje binnenkaam. Op dat stuit krige de plysje it berjocht dat der mooglik op de strjitte Tjongervallei út in auto wei sketten wie.
Dêrnei binne plysjes nei it plak fan de melding ta riden, mar oan de Tjongervallei wie neat te sjen. De plysje hat dêrnei wol socht nei in spesifike auto, dy't om 14.00 oere hinne oantroffen waard yn de omjouwing fan Jobbegea. Dizze auto hie yndie op de Tjongervallei riden.

Knalpiip feroarsake it lûd

Der lei lykwols gjin wapen yn de auto, mar de wein wie wol foarsjoen fan in knalpiip. Dêrmei kin de bestjoerder de útlaat fan de auto flink ploffe litte. It lûd fan dizze knalpiip hat de oarsaak west fan de melding fan it sjitynsidint, konkludearre de plysje.

Konsternaasje nei falsk berjocht

Hoewol't der dus net safolle oan de hân wie, ûntstie der wol flink wat konsternaasje yn de regio om't der in falsk berjocht ferspraat waard. Dat barde fia sosjale media en app-groepen.
It soe skreaun wêze troch in 'brigadier', dy't yn in 'dringend politiebericht' frege om ramen en doarren ticht te hâlden en binnen te bliuwen. De plysje soe hurd wurkje om de situaasje ûnder kontrôle te krijen en it advys wie om net yn it gebiet te kommen. It gie lykwols om in falsk berjocht.
De plysje makke op sosjale media fluch melding fan it falske berjocht
De plysje makke op sosjale media fluch melding fan it falske berjocht © Politie Zuidoost-Fryslân
De plysje wist al frij rap te melden dat dit berjocht net by de echte plysje wei kaam. Der waard fuortendaalks oproppen om it berjocht net fierder te fersprieden.
De situaasje hat foar in soad ûnrêst soarge, befêstige in wurdfierder fan de plysje. It giet om "een hele serieuze situatie."

Skriuwer hat him meld

De plysje hat fuortendaalks in ûndersyk opset nei wêr't it falske berjocht krekt weikaam. Der waard in oprop dien nei de persoan dy't it berjocht skreaun hat, om him te melden.
Dat hat fertuten dien, want de ferstjoerder hat him yntusken by de plysje meld. De plysje docht gjin útspraken oer de identiteit fan de ferstjoerder, mar jout wol oan mei dizze persoan yn petear te gean. De kwestje sil dêrmei in ferfolch krije.