Undersykster hat noed oer mummys fan Wiuwert, mar tsjerkeried fynt it tafallen

Ien fan de fjouwer mummys fan Wiuwert
Ien fan de fjouwer mummys fan Wiuwert © Omrop Fryslân
It giet net goed mei de mummys yn de tsjerke fan Wiuwert, stelt kultureel ûndersykster Pieta van Beek. Neffens har giet de steat fan de mummys hieltyd fierder efterút. De tsjerkerie fynt lykwols dat it tafalt.
"Ik kom hier al bijna 40 jaar en ik zie dat de mummies in de loop van de jaren achteruitgaan", seit dr. Van Beek, dy't ferbûn is oan Universiteit Utrecht. "De huid wordt bijvoorbeeld steeds strakker."
By de ûntdekking fan de mummys yn de 18e iuw wienen der noch alve, seit Van Beek. "Nu zijn er nog vier complete mummies over en nog kisten met restanten."
De tsjerke fan Wiuwert is al om 1200 hinne boud, mar de grêfkelder is pas yn 1609 oanlein foar de famylje Van Walta. Yn 1765 waard de kelder by tafal ûntdutsen troch in timmerman. Der is gjin wissichheid oer de identiteit fan de mummys, al besteane der wol ferskate ferhalen oer. It riedsel hâldt minsken al lang dwaande.
De mummys binne op bysûndere wize bewarre bleaun. De lichems binne net balseme en ha gjin inkelde behanneling hân. Dêrom wurdt it wol it 'wûnder fan Wiuwert' neamd.
Van Beek tinkt dat minsken troch de jierren hinne wolris wat meinommen hawwe út de grêfkelder. "Maar dat kan niet met die mummies, want het is erfgoed."
Tafersjoch hâlde is neffens har dreech. As bygelyks mar ien gids oanwêzich is, kin dy net altyd sjen wat eltsenien docht.

Oer lange tiid

Dat de mummys minder wurden binne, is mooglik, sa seit tsjerkerintmaster Alle Jacob Bremer. "Mar wy ha it dan oer efterútgong oer in protte jierren. De mummys lizze hjir al iuwen. Wy sjogge der gjin ysbaarlike ûntwikkelingen yn."
Van Beek hat soargen oer de mummys fan Wiuwert
Neffens Bremer is de steat fan de omskotten net soarchlik. "Net oars as 't we wend binne. Se lizze der goed by, foar safier't se der goed by lizze kinne."
Hy seit dat de tsjerke se goed yn de gaten hâldt en ek yngrypt as de steat dúdlik minder wurdt. "As it echt sjendereach efterút giet, moatte wy der as tsjerke ek wat mei. Wat dat oanbelanget ha wy deselde doelstelling. Mar wy fine it ek moai om dy mummys sjen te litten en it mystearje derby te fertellen."
Undersiker Pieta van Beek fan Universiteit Utrecht yn de Nicolaastsjerke fan Wiuwert
Undersiker Pieta van Beek fan Universiteit Utrecht yn de Nicolaastsjerke fan Wiuwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dat der guod meinommen wurde soe fan de mummys, leaut Bremer net.
"Wy geane hjir út fan it goede fan de minsken. Sy binne faak al bot ûnder de yndruk fan wat se sjogge. Mar wy moatte der fansels wol op tasjen dat it der goed by leit en dat it mei respekt behannele wurdt."

DNA-ûndersyk

Van Beek pleitet boppedat al in skoft foar wittenskiplik ûndersyk nei de omskotten. "Dat kan tegenwoordig heel snel."
Se tinkt dat ien fan de mummys fan Anna Maria van Schurman (1607-1678) wêze kin. Van Schurman wie in wichtige gelearde en de earste froulike studint yn Europa.
De grêfkelder fan de Nicolaastsjerke yn Wiuwert
De grêfkelder fan de Nicolaastsjerke yn Wiuwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Van Schurman sleat har op lettere leeftiid oan by de labadisten, in religieuze sekte dy't him ûnder oare yn Wiuwert fêstige. Van Schurman is yn it plak ferstoarn en begroeven, mar it is net mei wissichheid te sizzen oft se bûten de tsjerke begroeven is, of yn de grêfkelder leit.
Alle Jacob Bremer
Alle Jacob Bremer © Omrop Fryslân
De tsjerkerie is lykwols gjin foarstanner, want ûndersyk soe neffens harren it mystearje om de mummys hinne fuorthelje. "Wy fine dat se ûnderdiel binne fan it mystearje fan Wiuwert."
De tsjerkerie hat neffens Bremer in wichtige stim yn dizze kwestje. DNA-ûndersyk liket der dêrom foarearst net te kommen.
"Wat ús oanbelanget dogge we dat net. Wy ha oan de iene kant bewiis dat Schurman krekt bûten de muorren leit en oan de oare kant hoecht om ús net útsocht te wurden wa't hjir krekt lizze en wat harren neiteam is."