NRC ferrast lêzer mei kommentaar yn it Frysk: "Het is een statement"

NRC
NRC © ANP
In opfallend kommentaar yn de NRC freed. Net de toan of it ûnderwerp lûkt de oandacht, mar de taal dêr't it yn skreaun is. It stiet der nammentlik yn it Frysk.
"We waren het er snel over eens: we moesten dit doen", seit Titia Ketelaar, coördinator fan de NRC-kommentatoaren.
In soad NRC-lêzers sille harren fan 'e moarn efkes yn 'e eagen wreaun hawwe. 'Kommentaar' pronket der boppe it stik op side 18. En nee, in staveringsflater is it net. De tekst dy't derûnder folget stiet nammentlik folslein yn it Frysk. "Het is een statement", seit Titia Ketelaar.
'In maatskippij sûnder kennis fan de eigen taal, en dêrmei fan de eigen kultuer, is in earme maatskippij'
In sin út it kommentaar fan NRC
De skriuwer hellet ûnder oare oan dat Frysk gjin foltiidsoplieding mear is, mar in fak dat binnen de bachelor Minorities & Multilingualism keazen wurde kin. Nettsjinsteande de tasizzing dy't Nederlân dien hat om it Frysk te beskermjen. 'In maatskippij sûnder kennis fan de eigen taal, en dêrmei fan de eigen kultuer, is in earme maatskippij', sa fâlt der te lêzen.

Fiif Friezen

Ketelaar fertelt dat de kommentatoaren alle dagen oerlizze, tegearre mei ien fan 'e haadredaksje. Ien stelde it ûnderwerp foar, dêr't in oar op sei dat it artikel dan ek yn it Frysk skreaun wurde moast. "Iedereen was het daarmee eens. Ik heb zelf lange tijd in Groningen gewoond. Plus we hebben hier vijf mensen rondlopen die uit Friesland komen. Het belang van het Noorden speelt dan ook zeker een rol bij ons."
Om it stik oer te setten, waard in berop dien op it Fryske fiiftal. "Ja, dit keer moest het commentaar door meerdere mensen gecheckt worden. Ik sluit niet uit dat er nog een lezersbrief komt waarin staat dat het anders geschreven had kunnen worden, haha", seit Ketelaar, dy't der oan taheakket dat it stik online ek yn it Nederlânsk stiet.

Automatyske kompjûterstim

Op de site kinne besikers gewoanwei ek de tekst foarlêze litte troch in automatyske kompjûterstim. "Dat kreeg ie bij de Friese versie helaas niet voor elkaar."