Boargemaster tinkt ferset tsjin nij azc Dokkum te begripen: "Asylbelied doocht net"

Johannes Kramer yn it Polytburo
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân © Omrop Fryslân
It asylbelied sjit al jierren tekoart en hat derfoar soarge dat it ferset tsjin de komst fan nije asylsikersintra rûnom groeid is. Dat fynt boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân.
Hy sjocht dat ek werom yn syn gemeente. In resint draachflakûndersyk foar in nij azc yn Dokkum lit sjen dat de measte minsken gjin nij opfangsintrum wolle. De gemeente liket dochs troch te setten. It soarget foar in dilemma foar de gemeenteried, sjocht Kramer.
"It wie de kar fan de ried om sa'n draachflakûndersyk te dwaan", seit de boargemaster. "Wy hiene dat as kolleezje net foarsteld. De kar fan de ried moatte je dan akseptearje."
Krekt minder as 40 persint fan de ynwenners reagearre op it ûndersyk. Dêrfan hat 60 prosint fan de dielnimmers him tsjin de komst fan in nij azc yn Dokkum útsprutsen.
Johannes Kramer net fernuvere oer útkomst draachflakûndersyk foar azc yn Dokkum
De wjerstân komt foar Kramer net as in ferrassing. "Je witte dat as der earne in azc komt, dat der dan wjerstân is en it draachflak net hiel grut is. Nei ferrin fan tiid wurdt dat wol better."
Neffens Kramer sitte der wol nuânses yn it ûndersyk: "60 persint is negatyf oant tige negatyf oer it plan, mar fan dy minsken sizze guont dat se der wol foar iepen steane as it mar tydlik is, of mei minder minsken."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Johannes Kramer.
Ek by it feit dat mear as de helte fan de minsken negatyf is oer de komst fan in nij sintrum pleatst Kramer in kanttekening. Ast de minsken dy't wol foar in lytser azc binne meitelst, komst neffens him wol op in mearderheid fan 56 persint dy't posityf is.
De oarsaak is it Nederlânske asylbelied, dat gewoan net doocht.
Boargemaster Johannes Kramer
Dat der hoe dan ek in protte wjerstân is tsjin de komst fan in azc fernuveret de boargemaster net. "Je hearre it rûnom yn de mienskip. De oarsaak is it Nederlânske asylbelied, dat gewoan net doocht."
"Yn 2018 binne al dy azc's sletten en dêrtroch hawwe je no al dy opfangproblemen." Kramer leit de skuld dêrfan by it kabinet dat der doedestiids siet. "Je hiene in reservekapasiteit oerhâlde moatten."
It cv fan Johannes Kramer
It cv fan Johannes Kramer © Omrop Fryslân
Kramer hellet foar syn eigen gemeente hoop út it ferline. De ûnderfiningen mei azc's yn Dokkum wiene oant no ta neffens him posityf. "Dat jout ek betrouwen dat as je it wol dogge, je mei ferrin fan tiid it draachflak fergrutsje kinne."

Dilemma

It liket derop dat de útslach foar de gemeenteried gjin behindering is foar in ûndersyk nei geskikte lokaasjes foar it asylsikersintrum. Dat wylst it harren eigen idee wie om it ûndersyk nei draachflak dwaan te litten. "Dêr leit ek in dilemma foar de gemeenteried, hoe geane je dêr mei om?"
Hy kin him yntinke dat minsken it net snappe sille. "Dat jout ek oan dat je dit foar it ferfolch fan it proses hiel goed útlizze moatte."
Kramer neamt spriedingswet "oantaasting fan autonomy, mar needsaaklik"
De gemeenteried nimt 1 febrewaris in beslút oer dat ferfolch. Op dyselde dei wurdt mooglik ek de lanlike spriedingswet al fan krêft. Mei dy wet kinne gemeenten tenei ferplichte wurde om asylsikers op te fangen.
"Ik fyn de spriedingswet in needsaaklik kwea", seit Kramer deroer. Hy fynt dat de wet oan de autonomy fan de gemeenten rekket. "Mar de opfang fan dy minsken stûket en wy kinne dochs net hawwe yn Nederlân dat minsken yn it gers sliepe moatte. Dus dêr moat wat oan dien wurde."

Ferplichtings

Mei de stimming fan 1 febrewaris moat mear dúdlik wurde oer it ferfolch fan de plannen foar in nij azc yn Dokkum. It COA freget om opfanglokaasjes foar teminsten 250 minsken, sa't sy dêr begelieding by biede kinne, fertelt Kramer.
Mei ien sa'n azc foar 250 minsken soe de gemeenten neffens him ek direkt oan syn ferplichtings foldwaan.
Mocht de gemeente trochsette mei de plannen foar in nij azc, dan sil dy lokaasje noch net direkt klear foar gebrûk wêze, ferwachtet Kramer. "Net foar de simmer."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Johannes Kramer
De cartoon fan Gerco van Beek oer Johannes Kramer © Omrop Fryslân