Doarpstsjerke De Rottefalle bestiet 300 jier: "Een markering in het landschap"

De Doarpstsjerke fan De Rottefalle
De Doarpstsjerke fan De Rottefalle © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Doarpstsjerke yn De Rottefalle bestiet 300 jier. Dat fiert Stichting Alde Fryske Tsjerken mei in eksposysje oer de tsjerke sa't dy der no by stiet, mar ek oer syn ferline en syn takomst.
It giet om in eksposysje dy't makke is troch Rottefalster Jaap van der Wal. Njonken de eksposysje sil der noch mear te dwaan wêze.
Yvette Mulder fan de doarpstsjerke De Rottefalle
"It hiele jier troch ha wy aktiviteiten yn de doarpstsjerke", fertelt Yvette Mulder fan de pleatslike kommisje fan de tsjerke. "Om de mienskip te stypjen, om hjir safolle mooglik minsken hinne te krijen."

Gjin tsjerketsjinsten

"Dizze tsjerke hat sûnt 2011 gjin tsjerklike funksje mear, de tsjerke is doe oernaam troch Stichting Alde Fryske Tsjerken. Sûnt dy tiid organisearje wy as pleatslike kommisje aktiviteiten foar de mienskip."
De tsjerke út it jier 1724 wurdt no brûkt foar kulturele aktiviteiten. Der kinne ek trou- en begraffenistsjinsten holden wurde. "En wy ha sels wolris pilgrims dy't hjir oernachtsje."
Mädi Cleerdin fynt de tsjerke 'betoverend'
Troch de jierren hinne is it ien en oar feroare yn de tsjerke, mar guon eleminten binne noch krekt sa as 300 jier lyn, lykas de flier. Neffens Mädi Cleerdin fan de kommisje is dat de sjarme fan it gebou.
"Dat is mooi. Je kunt zien dat erop geleefd is, je ziet slijtage, maar je ziet dat hij zich staande houdt. Dat is eigenlijk met de hele kerk zo. Die heeft zich staande gehouden en wordt door de stichting ook onderhouden, hij is gewoon in hele goede staat."
Neffens Cleerdin kin de tsjerke noch wol in skoft mei. "Eindeloos, de kerk is eeuwig. Het is een markering in het landschap."
De Rottefalle ûntstie yn de 17e iuw, presys op de grins fan Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Yn it ferline hearden de herfoarmen fan De Rottefalle by de tsjerke fan De Pein. Mar oan it begjin fan de 18e iuw wie it doarp al sa grut wurden, dat De Rottefalle sels ek in tsjerke hawwe woe.
Mei ferskate jeften en kollekten waard it jild foar de bou byinoar sparre. De toersklok is makke yn 1722, it oargel is fan 1865 en komt oarspronklik út in Ljouwerter tsjerke. De wynwizer is in hynder, dat ferwiist nei it agraryske ferline fan it gea.