Liveblog | 21 jannewaris

Bekerwedstriid Cambuur hinderet Harkemase Boys | Feanfroulju spylje net

Yn dit blog fynst it lêste sportnijs út Fryslân.

Lêst bywurke: 21 jannewaris, 15:16
snein 21 jannewaris
15:16

Utstel Cambuur sit Harkemase Boys yn it paad

Hercules Cambuur
It fjild dêr't Hercules Cambuur net op ûntfange koe © Omrop Fryslân, Andor Faber
De earstfolgende wedstriid fan Harkemase Boys, op saterdei 27 jannewaris, giet net troch. De tsjinstanner, Hercules, spilet twa dagen earder tsjin Cambuur yn de KNVB Beker. Dy wedstriid soe eins in wike earder wêze, mar dat gie net troch omdat it fjild beferzen wie.
Foar Harkemase Boys wurdt dit de twadde wedstriid op rige dy't net troch giet. De wedstriid fan dit wykein, op it eigen sportpark De Bosk, tsjin Genemuiden, gie fanwegen it winterwaar ek net troch.
Nei it wykein moat bekend wurde wannear't de wedstriden ynhelle wurde.
09:58

Duel fuotbalfroulju sc Hearrenfean en FC Twente giet net troch

De wedstriid tusken de fuotbalsters fan sc Hearrenfean en FC Twente giet hjoed net troch. De earedifyzjewedstriid is skrast fanwegen de winterske waarsomstannichheden, wêrtroch't it fjild net te bespyljen is.
Der is noch gjin nije datum bekend. De froulju fan sc Hearrenfean steane lêste yn de kompetysje
sneon 20 jannewaris
22:43

Lotting KNVB Beker: Cambuur of Hercules treft Vitesse

Cambuur - Vitesse
Milan Smit yn aksje foar Cambuur tsjin Vitesse yn 2022 © ANP
As Cambuur de ynhelwedstriid tsjin Hercules kommende tongersdei wit te winnen, spilet it yn de kwartfinale fan de KNVB Beker thús tsjin Vitesse. Dat hat de lotting bepaald.
Vitesse is de ploech dy't sc Hearrenfean útskeakele yn de wedstriid foar de achtste finale.
De kwartfinales wurde spile op 6, 7 en 8 febrewaris.
22:17

Flyers ferlieze yn Leuven

Flyers ferlieze yn Leuven
UNIS Flyers ferliest yn Leuven © DijksMedia
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe mei 6-3 ferlern fan Chiefs Leuven.
De wedstriid begûn goed, want de Flyers stiene nei ien perioade mei 0-3 foar. Dochs gie it yn de lêste twa perioades noch mis.
De Fryske doelpunten kamen fan Jasper Nordemann (2) en Frankie Pucci.
22:00

Froulju fan Friso Snits winne

Friso Snits wint
Freugde by de dames fan Friso Snits © DijksMedia
Friso Snits hat wûn fan Peelpush út Meijel. Yn Snits waard it 3-1 (23-25, 28-26, 25-23, 25-18).
Troch de oerwinning pleatse de dames har foar de kampioenspûl. Dêr sitte de bêste fjouwer út de reguliere kompetysje yn. De nûmer ien nimt trije punten mei nei de kampioenspûl, de nûmer twa twa, de nûmer trije ien en de nûmer fjouwer nul.
21:32

Harm Visser wint maraton Eindhoven

Harm Visser
Harm Visser © Orange Pictures
Harm Visser fan De Westereen hat de maraton yn Eindhoven op syn namme skreaun. It wie in Frysk 1-2-tsje, want Tjerk de Boer fan Weidum waard twadde.
By de froulju wie der gjin Frysk súkses. Hilde Noppert wie de bêste Friezinne. Se einige op plak tsien. Esther Kiel wûn.