Draachflakûndersyk azc Dokkum set koälysjepartijen Noardeast-Fryslân foar elkoar oer

asylsikers
asylsikers © Shutterstock
De mooglike komst fan in azc yn Dokkum ferdielt de koälysje fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân en de FNP sjogge oars nei de kwestje as koälysjepartner S!N.
Yn in riedsgearkomste fan de gemeente waard tongersdei praat oer it draachflakûndersyk nei in azc yn Dokkum. Ut dat ûndersyk die nammentlik bliken dat 60 prosint fan de folwoeksen ynwenners fan de gemeente dy't de enkête ynfolle hat negatyf foar it plan oer stiet. Yn totaal is de enkête troch likernôch 14.000 minsken ynfolle.
Fan dy 60 persint sei fierwei it grutste part dat harren miening ûnder gjin betingst feroarje kin.
Der is diskusje oer de mooglike komst fan in azc yn Dokkum
De FNP fynt dat de útkomsten fan it ûndersyk serieus naam wurde moatte, wylst S!N fan betinken is dat it azc der komme moat.

Lokaasjescan

De folgjende stap yn dizze kwestje is de fraach oft der in saneamde lokaasjescan komme moat. Dat hâldt yn dat der in lokale draachflakûndersiken en bewennersjûnen komme op maksimaal trije geskikte lokaasjes. It earder útfierde draachflakûndersyk wie gemeentebreed.
It liket derop dat de útkomsten fan it earste draachflak foar in mearderheid fan de partijen gjin behindering is foar it opstarten fan in lokaasjescan. Wis is dat lykwols noch net: op 1 febrewaris sil hjiroer stimd wurde.
Yn de maitiid soe dan in definityf beslút oer in azc mei maksimaal 250 asylsikers naam wurde.