Liveblog | 19 jannewaris

112-nijs 19 jannewaris: Kollumer (20) krijt wurkstraf foar bedriigjen fan buorlju | Oanriding yn Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 19 jannewaris, 20:18
20:18

Surhuzumer feroardiele foar seksueel misbrûk

In 51-jierrige Surhuzumer is freed feroardiele ta twa jier selstraf plus tbs mei betingsten. It wie de fiifde kear dat de man feroardiele is foar in sededelikt. De earste kear wie al yn de jierren njoggentich. De man is ek in oantal kear feroardiele foar it besit fan berneporno.
Freed waard de man wer feroardiele foar seksueel misbrûk fan minderjierrigen. De slachtoffers binne famylje fan de dieder.
Saakkundigen hawwe fêststeld dat de man te lijen hat fan in pedofile fersteuring en dat hy net folslein tarekkenber is. De kâns op werhelling wurdt heech ynskat om't de man it seksuele kontakt mei minderjierrigen net as wat ferkeards sjocht. Dêrom hat de man no ek in lichte foarm fan tbs oplein krigen troch de rjochter.
19:56

Oanriding op it Noordvliet yn Ljouwert

De plysje op it Noordvliet
De plysje op it Noordvliet © AS Media
Oan it Noordvliet yn Ljouwert hat freed oan de ein fan de midei in ûngelok west. In auto hat in fuotgonger rekke. It slachtoffer is kontrolearre troch ambulânsepersoniel. Oft it slachtoffer ek ferwûne rekke is, is net bekend makke. De plysje is op it plak kaam om de situaasje ôf te hanneljen.
19:30

Untploffing yn garaazje yn Damwâld

De brânwacht en in ambulânse op it plak
De brânwacht en in ambulânse op it plak © RTV NOF | Koos Scherjon
Oan de Mr. P.T. van der Herbergloane yn Damwâld har freedtemiddei in ûntploffing west yn in garaazje. Dêrby binne ramen, doarren en de pij skansearre rekke. Der binne helptsjinsten nei it plak ta kaam: op syn minst ien persoan is opfongen troch ambulânsepersoniel. De krekte oarsaak is net bekend makke, mar mooglik hat in kachel de oanlieding west foar it ûngelok.
17:14

Kollumer (20) krijt wurkstraf foar bedriigjen fan buorlju

In 20-jierrige Kollumer hat in wurkstraf fan 50 oeren en in selstraf fan in wike ûnder betingst oplein krigen. De man hie ferline jier yn july twa buorlju bedrige. Hy hie tsjin de ien roppen dat er syn 'kop der ôf snije' soe en de oare buorman waard mei de dea bedrige.
De Kollumer ferklearre dat er de bedrigingen 'yn in momint fan adrenaline en lilkens' utere hie. Tsjin de rjochter ferklearre er dat er net fan doel wie echt te hanneljen, mar dat er 'gewoan pissed' wie.
Neffens reklassearring soe de man wol wat help brûke kinne by syn problemen. De man hie ek al twa moannen yn de sel sitten. Mar de Kollumer woe neat fan reklassearring witte.
17:14

Falsk berjocht oer 'sjitpartij' yn Jobbegea ferspraat

De plysje hat te lijen hân fan in falsk berjocht oer in sjitpartij by Jobbegea. Dêr wie lykwols hielendal gjin sprake fan, it lûd kaam fan de knalpiip fan in auto. It falske berjocht soarge foar in soad ûnrêst.
Lês hjir it folsleine ferhaal:
14:53

Botsing op Julianalaan yn Ljouwert

ûngelok botsing
Botsing op de Julianalaan yn Ljouwert © AS Media
Op de Julianalaan yn Ljouwert binne twa auto's yn botsing kommen. In auto soe efterop in oare auto riden wêze. De bestjoerder fan de foarste auto is kontrolearre troch ambulânsepersoniel.
Beide auto's rekken skansearre. It ferkear waard tydlik omlaat.