Noardeast-Fryslân keart fallisemint MFC Burdaard foarearst ôf

MFC It Spektrum yn Burdaard
MFC It Spektrum yn Burdaard © It Spektrum Burdaard
Multyfunksjoneel sintrum It Spektrum yn Burdaard kin foarearst troch. De gemeente Noardeast-Fryslân hat besletten om in liening fan it MFC ôf te lossen.
As de gemeente dit net dien hie, wie de kâns grut dat It Spektrum fallyt gien wie. De BNG Bank (Bank Nederlandse Gemeenten) hie nammentlik drige om in liening oan it MFC stil te setten. Dêrmei hienen der foarsjennings ferlern gien foar de regio Burdaard en dat woe de gemeenteried net.

Kosten bliuwe heech

Hielendal rêden is it MFC lykwols noch net. De kosten foar it gebou bliuwe heech. Boppedat rint it tal frijwilligers werom. Yn it MFC sit ûnder oare in sportskoalle, swimbad, teäterseal/bioskoop en in berne-opfang. It doarp wol dy foarsjenningen graach behâlde. Der wurdt dêrom socht nei in oplossing foar de lange termyn.
De finansjele problemen mei it MFC ûntstienen hast fuortendaliks nei de bou sa'n tsien jier lyn. De eardere gemeente Ferwerderadiel skatte de plannen te posityf yn. It MFC moast in regiofunksje hawwe en minsken út omlizzende doarpen nei Burdaard lûke, mar dat barde net. Yn de 'goedrinnende' begjinjierren hie it stichtingsbestjoer sa'n 60.000 euro ferlies it jier. Dat rûn al gau op nei in ton.