Europeeske primeur foar Princessehof: eksposysje oer iennichste Sineeske keizerin

Wu Zetian
Objekten fan de tentoanstelling oer keizerin Wu Zetian © Keramiekmuseum Princessehof
It moat in topeksposysje wurde. It Princessehof yn Ljouwert is it earste Europeeske museum dat it bysûndere ferhaal fan de iennichste Sineeske keizerin Wu Zetian (624-705) fertelle sil.
Yn oktober komme tal fan foarwerpen út Sina nei it keramykmuseum. Dat is der al jierren mei oan de gong. Omdat in grut part fan de kolleksje al út Sina komt, hawwe se goede kontakten mei Sineeske musea en ynstellingen.

Iennichste froulik keizer

Neffens konservator Aziatyske keramyk Denise Campbell is it ferhaal fan de keizerin hiel bysûnder. Allinnich al omdat se de iennichste froulike keizer wie. Se waard keizerin neidat se troude mei keizer Gaozong.
Het is heel logisch dat wij dit als Nationaal Keramiekmuseum dit verhaal vertellen.
Konservator Denise Campbell
"In 690 besloot zij dat het welletjes was geweest en dat ze haar eigen dynastie wilde stichten", leit Campbell út. "Dat heeft geduurd tot 705 en het heeft zich nooit meer herhaald."
Yn de tombes út dy tiid - de Tang-dynasty - waarden in soad objekten lein fan de ferstoarne persoanen fan de aristokrasy. "Dat waren meestal aardewerken voorwerpen. Dus het is heel logisch dat wij dit als Nationaal Keramiekmuseum dit verhaal vertellen."
Europeeske primeur foar Princessehof: eksposysje oer iennichste Sineeske keizerin
De tombes fan de keizer en keizerin binne nea wer iepenmakke. Ut respekt of omdat der dreech by te kommen is. De foarwerpen dêryn binne dus ûnbekend. Der binne wol bysûndere stikken út dy Tang-dynasty fan minsken dy't tichtby de keizerin stienen, bygelyks fan har soan en skoandochter.
Dy jouwe ek in goed byld fan de hannel fia de siderûte (zijderoute). "De grafgiften uit de tombes reflecteren die hele multiculturele, kosmopolitische samenleving uit die tijd. De hofcultuur wordt uitgebeeld, de dieren en landbouwproducten, maar ook de aanwezigheid van buitenlanders en producten die via die zijderoute naar China werden gebracht."
Wu Zetian
Sineeske bylden út de tentoanstelling © Keramiekmuseum Princessehof
Campbell wol dit bysûndere ferhaal fan in unike frou út de skiednis oan de besikers meijaan, en in opdracht om nei te tinken oer wat de besiker sels fan dizze frou fynt.
"Dat kan vanuit verschillende perspectieven zijn. Je kunt haar zien als een hele sterke, ambitieuze vrouw in de geschiedenis met misschien minder mooie kanten."

Yntriizjes oan it hôf

Sa hat Wu Zetian spesifyk de opdracht jûn om har grêfstien leech te litten, omdat se bang wie dat minsken út har tiid har ferkeard beoardielje soenen. Sa soe har libben beoardiele wurde kinne troch lettere generaasjes.
Neist emansipaasje fertelt de prestizjeuze tentoanstelling ek it ferhaal fan de hannelskultuer en de yntriizjes oan it hôf yn dy tiid.
It binne hiele kostbere stikken dy't hjir nei ta komme. Der gie in soad tiid sitten yn fersekeringen en befeiliging, leit Campbell út: "Natuurlijk kan ik niet in details treden daarover, maar dat is allemaal goed geregeld en op orde in het museum."
Wu Zetian
Portret fan keizerin Wu Zetian © Keramiekmuseum Princessehof
It keramykmuseum hat hege ambysjes by alle grutte tentoanstellingen, lykas de Koreä-eksposysje en Gezonken Schatten. Dêrby sieten ek in hiel soad objekten út Azië, dy't se yn brûklien krigen.
"Op 2 maart opent onze eerste tentoonstelling die nu op de planning staat: Porseleinkoorts. Dat wordt net zo'n topstukkententoonstelling. Maar Wu Zetian wordt een hele bijzondere in de rij, omdat het stukken zijn die uit China speciaal voor het keramiekmuseum naar Nederland komen."