Provinsje Fryslân set fraachtekens by ûndersyk nei kosten guozzen

ANP
Pauguozzen op in kwelder by de Waadsee © ANP
De provinsje Fryslân set fraachtekens by it ûndersyk dat útwiist dat it net altyd út kin om pauguozzen te ferjeien. In wurdfierder fan de provinsje seit dat it noch net dúdlik is oft it teöretyske ûndersyk oerienkomt mei de wurklikheid yn it fjild.
"We moatte goed besjen hoefier't it model oerienkomt mei de wurklike sitewaasje. Mar dat wol net sizze dat we de resultaten fan dit ûndersyk net brûke kinne en moatte. It jout oandachts- en oanknopingspunten foar it nije belied."
paugoes1
In paugoes bûtendyks © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Pauguozzen meie net ôfsketten wurde, want se binne beskerme.
It ferjeien fan de guozzen út gebieten bûten de opfanggebieten wurdt neffens de provinsje yn it ûndersyk berekkene op maksimaal tsien euro foar elke ferjei-aksje. It kostet hast neat, seit de wurdfierder fan de provinsje.
De ûndersikers sjogge yn harren ûndersyk lykwols net allinnich nei kosten dy't jagers meitsje om guozzen te ferjeien. Dat binne ek nochris kosten dy't jagers gewoanwei net yn rekken bringe. Taksaasjekosten foar de skea en de lânbouskea sels hawwe ek in wichtige rol yn it ûndersyk. Dêr giet de provinsje yn har reaksje net op yn.
paugoes2
In paugoes © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Jan Teade Kooistra fan LTO Noord, en sels ek boer, ferjaget de guozzen op it stuit alle dagen fan syn lân. "De ôfrûne tritich jier is de populaasje guozzen enoarm tanaam", seit er.
Kooistra is it wol iens mei de ûndersikers dat de guozzen mear enerzjy en dus mear fretten ferbrûke as se ferjage wurde. "Ast se faker ferjagest, sille se ek wol mear ite moatte. Ik tink wol dat dat kloppet."
"Mar ik sit net yn in gedoochgebiet. As ik skeafergoeding ha wol, bin ik sels ferplichte se te ferjeien. Dat moat ik ek oantoane en ik krij 20 prosint eigen risiko. Ik doch myn bêst om de skea te beheinen, mar dat slagget ek mar beheind. Je binne der net de hiele dei by."