Wêrom bruts Couhaib Driouech wol troch by Excelsior, mar net by Hearrenfean?

Couhaib Driouech yn it shirt fan Excelsior
Couhaib Driouech yn it shirt fan Excelsior © Orange Pictures
Couhaib Driouech is ien fan de sterkhâlders fan Excelsior en makket ynkoarten miskien wol in transfer nei in grutte klup. En dat wylst hy fiif jier yn de jeugd fan Hearrenfean spile. Hat Hearrenfean syn kwaliteiten net goed ynskatten?
Freedtejûn spilet Driouech wer tsjin Hearrenfean. Dit kear yn Rotterdam. Trije jier lyn makke hy de transfer fan Hearrenfean nei Excelsior.
Yn 2016 kaam Driouech nei Hearrenfean. Ronnie Pander en scout Bert Pijffers seagen him spyljen by in toernoai yn Utrecht. Hy kaam dêrnei oer fan IJVV Stormvogels.
Pander is no assistint-trainer by PEC Zwolle, mar yn de jeugd hat hy eins elts jier trainer fan Driouech west. Oant it earste alvetal oan ta. "Wy seagen fuort wol dat dizze jongen talint hie. As we him der ris in wedstriid net by hiene, dan misten we him fuort."

Perioade by Hearrenfean

Yn de jeugd spile Driouech hast altyd mei Djenahro Nunumete. Dy spilet no noch hieltyd by Hearrenfean. "We hebben nog contact en zijn goede vrienden."
Driouech en Nunumete binne faak in keppel dat yn de jeugd in soad mei elkoar spilet. "Ik vond hem altijd een fijne speler om mee te spelen. Ik stond meestal op het middenveld en stuurde hem dan diep. We waren een beetje een duootje. Hij heeft zich goed ontwikkeld. Dat is mooi om te zien."
Djenahro Nunumete
Djenahro Nunumete © Orange Pictures
By Hearrenfean makke Driouech syn debút tsjin Willem II yn septimber 2020. Hy spile fiif wedstriden foar it earste en gie yn de simmer fan 2021 nei Excelsior. Dat is de ploech fan Marinus Dijkhuizen.
"Driouech is een perfect voorbeeld van wat andere spelers tussen de 18 en de 22 jaar aanspreekt om naar Excelsior te komen. Wij hebben hier de faciliteiten en geven jong talent de tijd zich te ontwikkelen."
Marinus Dijkhuizen (rjochts) as trainer fan Excelsior njonken Couhaib Driouech
Marinus Dijkhuizen (rjochts) as trainer fan Excelsior njonken Couhaib Driouech © Orange Pictures
Yn it earste seizoen wie Driouech noch foaral ynfaller yn Rotterdam. Oant de play-offs foar promoasje. Dêryn liet hy goed fuotbal sjen en skoarde hy twa kear. "In zijn eerste seizoen stond hij maar één keer in de basis. Vervolgens heeft hij voor ons in de play-offs het verschil gemaakt."

Trochbraak by Excelsior

Excelsior promovearre nei de earedivyzje en sûnt it seizoen 2022/2023 is hy fêste basisspiler by Excelsior. Under lieding fan Dijkhuizen bruts hy echt troch.
"In zijn tweede seizoen heeft hij zo'n 70 tot 80 procent gespeeld. Dat ging met ups en downs en zo is hij heel langzaam gebracht. Bij een club als Heerenveen is er niet zoveel tijd en moet je het doen met af en toe een invalbeurt. Daar kiezen ze sneller voor ervaring en routine dan voor jong talent."
"Maar bij Excelsior heb je geen drie linksbuitens", giet Dijkhuizen fierder. "Bovendien houd ik er sowieso van om jonge spelers wat langer te laten staan."
Ronnie Pander as assistint fan Johnny Jansen by PEC Zwolle
Ronnie Pander as assistint fan Johnny Jansen by PEC Zwolle © Orange Pictures
Mar hoe kin it no dat hy by Hearrenfean net trochbruts en by Excelsior wol? Neffens Pander leit dat oan geduld en konkurrinsje. "Soms moatte je ek efkes geduld ha. Oft je trochbrekke by Excelsior of by Hearrenfean skeelt ek nochal. As je bygelyks Sahraoui foar je hawwe, dan helpt dat net."
Mar Pander is wol bot te sprekken oer syn kwaliteiten. "Ien fan syn wapens is dat hy in hiel soad 'snelheidsmeters' hat. Hy kin ien kear oangean, is dan hiel rap en kin dat hiel faak yn in wedstriid dwaan. Ast op de counter spilest mei him, dan hast in geweldich wapen."

Stap hegerop?

De ferwachting is dat Driouech nei dit seizoen in transfer makket. Pander wit it wol. "Hy soe wol wat foar Hearrenfean wêze, seker. Kinst 'm sa weromhelje."
"It ferrast my net dat hy trochbrekt by Excelsior." In stap hegerop soe samar kinne: FC Twente wurdt neamd as mooglike nije klup. "Mar ik bin wol benijd wat hy kin as hy sa'n stap makket. Dat hy potinsje hat, seagen wy ek wol. Mar in stap nei in klup as Twente soe my noch wol ferrasse."
De wedstriid tusken Excelsior en sc Hearrenfean begjint freedtejûn om 20.00 oere. It duel is te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat begjint om 19.45 oere. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Dijkhuizen tinkt ek dat der dizze simmer wol in klup foar him komt. "Hij is een moderne speler, heeft snelheid, is dynamisch, heeft dreiging en kan een doelpunt maken. Dat valt wel op. Hij staat al bij verschillende clubs op de radar. Hij kan elke tegenstander pijn doen."

Zoetje Driehoek

Ta beslút noch efkes oer dy namme. Hoe sprekke je dat no krekt út? Dijkhuizen: "Ik noem hem altijd Zoe, maar hij luistert daar niet altijd naar hoor."
Yn de jeugd by Hearrenfean neamde Pander him noch wer oars: "Wy seine Zoetje Driehoek."