Fuotbaltrainer Sierksma skoot troch nei earste alvetal AZ

Jan Sierksma
Jan Sierksma © Orange Pictures
Jan Sierksma fan Burdaard wurdt troch fuotbalklup AZ trochskood nei it earste alvetal. Sierksma wie trainer by Jong AZ, mar wurdt no assistint fan haadtrainer Maarten Martens.
De wiziging folget op it ûntslach fan trainer Pascal Jansen earder dizze wike. Syn assistint-trainer Martens folget Jansen oant de ein fan it seizoen op, mar dêrtroch waard de posysje fan assistint-trainer dus fakant.
Ofrûne seizoen wie Sierksma noch trainer fan AZ ûnder 19. Dêrmei wûn er de UEFA Youth League. Earder wie Sierksma trainer yn de jeugdoplieding fan SC Cambuur.