Om in wrâldact te wurden kin gjin (Fryske) artyst om Grins hinne: "Goed voor je muzikale cv"

esns eurosonic noorderslag klup de dag not sure
Drachtster artyst Not Sure © Jordy van Wijhe
Dua Lipa, Calvin Harris, Stromae en Sam Smith. In soad muzykleafhawwers sille ien of meardere fan dizze artysten grif op harren playlist te stean ha. En der is in opfallende oerienkomst tusken dy artysten. Harren karriêre krige in boost troch Eurosonic Noorderslag.
It showcasefestival yn Grins dêr't opkommende muzikanten sjen litte kinne wat sy yn hûs ha, is woansdeitejûn losgien. Op it festival stean acts út hiel Europa wei, mar ek in soad Friezen.
"Het festival is belangrijk voor beginnende artiesten, want ze kunnen er podiumervaring opdoen en een nieuwe fanbase opbouwen", seit Esther Kloosterman fan Friesland Pop, de organisaasje dy't Fryske popmuzyk promoatet.

Hoopje datst opfalst

It bysûndere oan ESNS fynt Kloosterman dat der in grut ferskaat oan sjenres te hearren is. "Metal, singer-songwriter, elektronisch, hiphop... Het is mooi dat dat naast elkaar kan staan en ook belangrijk dat alles wordt aangeboden."
"Op ESNS heb je een heel ander publiek dan in Fryslân", seit Kloosterman. "Iedereen die in de muziekwereld werkt, is er te vinden. Als artiest hoop je dat je opvalt en geboekt wordt voor een festival of podium."
Dat kin Cath Harryvan fan Ljouwert befêstigje. Mei har band Bad Luck Baby spilet sy freed yn kafee Warhol. "Je moet het strategisch aanpakken. Het is handig om van tevoren een lijstje te maken van mensen van labels of managements die je bij je show wil hebben."
bad luck baby cath harryvan
Cath Harryvan mei har band Bad Luck Baby © Jantina Talsma
Do komst net samar op ESNS te stean. De organisaasje makket in strange seleksje fan wa't sy yn har programmearring wolle. "Voor veel artiesten is het een eer om er te mogen staan. Het is heel goed voor je muzikale cv", seit Anna Louisa Kroijenga fan de keunstoanjeier Popfabryk.
Kroijenga hat de Fryske acts Given SKI en SSTO nei foaren skood.
Eurosonic Noorderslag wurdt sûnt 1996 holden. It festival bestiet út twa haadûnderdielen. Op woansdei oant en mei freed is Eurosonic, dêr't acts út hiel Europa optrede. Op sneon is Noorderslag. Dan binne der yn de Oosterpoort allegear Nederlânske acts.
Om it festival hinne, binne der noch folle mear optredens. Yn bygelyks kleanwinkels, platesaken en kroegen binne fergeze shows. Boekingskantoaren en grute spilers yn de muzykscene organisearje sels ek feestjes.
Der stean net allinnich mar Friezen óp it poadium, der binne ek Friezen dy't in poadium biede. Rick Klap en Ivo van Baal (Ljouwert) hawwe it Grinzer filiaal fan harren kleanwinkel Klup De Dag omtsjoend ta poppoadium.
"We hebben de kleding aan de kant geschoven, in het midden van de winkel een podium opgebouwd, het lichtenplan aangepast en de kassa werd een bar", omskriuwt Klap.
It giet de jonges net om it jild. "Wij dragen de culturele sector in de breedste zin gewoon een warm hart toe", seit Klap, dy't sels ek dj is. "Ik wil andere artiesten graag supporten."
esns eurosonic noorderslag klup de dag
Kleanwinkel Klup de Dag yn Grins feroare yn in wier poppoadium © Jordy van Wijhe
Fan Fryske boaiem stean yn Klup de Dag elektroanysk duo Velocity Made Good en de band Not Sure. Dat optrede op ESNS de artysten gjin wynaaien leit, docht bliken. "Nog geen minuut nadat we klaar waren met optreden, kwam er een mail binnen dat iemand wou dat we bij hen kwamen spelen", seit Tom Röfekamp fan Not Sure. "Daar doe je het voor."
Op de socials krige Not Sure der ek fuort nije folgers by. "Daarin zie je dat mensen enthousiast zijn, dus dan doe je het goed."
Wa't dizze wike troch it sintrum fan Grins rint, heart in kakafony fan gesang, gitaren, drums en noch folle mear ynstruminten. "Je hoeft niet eens te zoeken waar je heen moet. Je loopt gewoon rond en hoort de muziek overal vandaan komen", seit Kroijenga fan Popfabryk.
"Iedereen staat heel erg open voor elkaar", seit Harryvan. "Je gaat erheen om gelijkgestemden te ontmoeten."
Wolst it meitsje yn de muzykwrâld, dan is Eurosonic Noorderslag it plak dêr'tst wêze moatst. Foar guon wrâldferneamde artysten wie it festival in springplanke. "Artiesten worden er klaargestoomd, daarna mogen ze de wijde wereld in", seit Kroijenga.