Maat fol foar gemeente Ljouwert: alternatyf wenjende Yorick moat fuort

Yorick Zwiers
Yorick wol net yn in hûs wenje © Simone Scheffer, Omrop Fryslan
De boaten dy't yllegaal oan de Kalkovens yn Ljouwert lizze, moatte fuort. De minsken dy't dêr 'alternatyf' wenje, soargje neffens de gemeente foar oerlêst.
Yorick Zwiers wennet dêr, mei Ale. Yorick wennet al jierren 'alternatyf'. Earst mei syn boat by de Prinsetún, mar no by de Kalkovens, efter it tankstasjon.
Mar de gemeente Ljouwert hat se no oanskreaun: se moatte fuort. De reden, sa lit in wurdfierder fan de gemeente witte, is oerlêst. Der binne klachten binnenkaam. Bedriuwen út de buert binne der klear mei.
Yorick begrypt dêr neat fan: "Wat voor overlast dan? We ademen. Wij ruimen hier de boel op en voorkomen overlast." De gemeente Ljouwert is lykwols dúdlik: se moatte fuort.
Yorick Zwiers
Yorick Zwiers © Omrop Fryslân
De boaten lizze dêr yllegaal en moatte fuort. De wâlskant moat ek yn âlde steat werombrocht wurde. Geane se net fuort, dan wurdt in twangsom oplein. Foar eltse wike dy't se langer lizze, moat betelle wurde. Der is noch wol beswier mooglik, lit in wurdfierder witte.

Boat opknappe

Yorick wit net oft er bewsier yntsjinnet. Dat kostet wer jild en dat jout er leaver oan oare saken, lykas it opknappen fan syn boat. Dy wie earder al troch de gemeente yn beslach naam. Hy krige 'm werom mei skea: op it depot fan de gemeente is de boat iepenbrutsen. "Er is veel schade aangericht, hij lekt. De boot is ook leeggeroofd."
Hoefolle minsken 'alternatyf' wenje, is net dúdlik. De gemeente Ljouwert hat dêr gjin sifers fan. Ek opfangorganisaasje Wender hat dêr gjin sicht op.
Yorick wol tiid ha. Tiid om in goed plak te regeljen. "Ik heb grote plannen. Ik zou het mooi vinden om de tijd te krijgen en niet dat de gemeente mij straft met ultimatums."
Yorick syn ûnderkommen
Yorick syn ûnderkommen © Omrop Fryslân
Ien fan de plannen is dat er op ferskate plakken yn Ljouwert dielkasten ynrjochtsje wol. "Daar wil ik de spullen in doen die ik vind en nog goed te gebruiken zijn. Dat past ook goed in de tijd van nu."
Tiid ha se genôch hân, fynt de gemeente. Dêrom binne se oanskreaun en is har dúdlik makke dat se fuort moatte.