HEA! Nanda Trouw docht muontsewurk

HEA! Nanda de boekbynster
Alde boeken opknappe en wat stikken is, wer hiel meitsje. Dat is wat Nanda Trouw fan De Lytse Geast hiel graach docht. Se is 81 jier en noch altyd aktyf as boekbynster. It reparearjen en it mei de hannen dwaande wêzen, jout har rêst.
Nanda wie oplaat as logopediste, en dat wurk hat se altyd mei in soad wille dien. Mar it boekbinen docht se mei noch mear wille. Nanda is noch lang net fan doel om op te hâlden mei dit muontsewurk. Se genietet fan it kreative proses, in boek wer libje te litten en moai te meitsjen, mar ek it kontakt mei de klanten.