Liveblog | 18 jannewaris

112-nijs 18 jannewaris: Fûle brân yn houtopslach Sânhuzen | Koade giel om glêdens ferlinge

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 18 jannewaris, 20:10
20:10

Houtopslach yn Sânhuzen giet diels yn flammen op

Brân yn in houtopslach yn Sânhuzen
Brân yn in houtopslach yn Sânhuzen © BTBfotografie
In fûle brân oan de Oldeberkoperweg yn Sânhuzen hat in oerkaping mei dêryn in houtopslach foar in part yn 'e jiske lein. De flammen wienen bûten it doarp te sjen.
Foardat de helptsjinsten der wienen, besocht in omwenner mei in túnslang útwreiding fan de brân foar te kommen. De brânwacht koe letter foarkomme dat de houtopslach folslein ferlern gie. Wol rûn in konifearehaach skea op troch it fjoer.
De brân ûntstie yn in kontener mei smeulende resten út in houtkachel. De kontener fleach yn 'e brân en it fjoer sloech oer nei de oerkaping en de houtopslach.
19:04

Utslaande brân yn in wenning yn Drachten

Wenningbrân yn Drachten
Wenningbrân yn Drachten © ProNews Producties
Yn in rychjeshûs oan de Ame yn Drachten is brân útbrutsen. Doe't de helptsjinsten oankamen, sloegen de flammen út de wenning. De brânwacht hat opskaald nei middelbrân.
De bewenner koe it hûs op tiid ferlitte. Der is noch ûndúdlikens oer de oarsaak fan de brân.
18:55

Frou falt mei scooter yn Easterwâlde

Scooterûngelok yn Easterwâlde
Scooterûngelok yn Easterwâlde © BTBfotografie
In frou is yn Easterwâlde ferwûne rekke doe't se mei har scooter ûnderút gie. De plysje en in ambulânse kamen gau nei it plak fan it ûngelok. Nei behanneling is de frou mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht foar fierder ûndersyk.
15:51

Buma slút wenning oan Ljouwerter Voorstreek

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat in wenning oan de Voorstreek yn de stêd sletten. Yn de wenning waard yn oktober ferline jier hard- en softdrugs oantroffen, dy't neffens de plysje bestimd wienen foar de hannel.
De bewenner fan de wenning waard earder al betrape op drugshannel. Yn totaal is der by him 10,61 gram amfetamine oantroffen. Dêrneist ek oar guod dat yn ferbân brôcht wurdt mei drugshannel.
It is foar it earst dit jier dat Buma in wenning slút fanwegen in oertrêding fan de Opiumwet. Ferline jier die er dat tweintich kear.
15:27

Man fan De Blesse frijsprutsen fan mishanneling mei bierflesse

Op basis fan in dossier dat wol hiel sloardich yn inoar siet, waard in 28-jierrige ynwenner fan De Blesse hjoed frijsprutsen fan mishanneling mei in bierflesse.
De man waard derfan fertocht dat er yn jannewaris ferline jier by in hoarekasaak yn Wolvegea ien mei in bierflesse tjin de holle slein hie, of dat er de flesse tsjin de holle fan it slachtoffer smiten hie. De plysjerjochter moast it dwaan mei in dossier dat in soad tsjinstridichheden en - sa as de rjochter it ûnder wurden brocht - "een hele hoop losse endjes" hat.
Plysje gie net nei binnen
Sa wie de ûnderstelde dieder troch ien op Facebook werkend, mar wienen de foto's fan Facebook net oan it dossier taheakke. Ek wie der gjin ûndersyk dien nei in anonime tipjouwer en wienen wichtige tsjûgen, lykas de eigener fan de hoarekasaak en de portier, net troch de plysje heard. De plyjse kaam wol te plak, mar is dêrnei net nei binnen gien.
In oare tsjûge hie in sinjalemint fan de dieder jûn dat wer net by de fertochte paste. De man wie hjoed sels net op de sitting. By de plysje hat er alles ûntkend. De rjochter én de offisier fan justysje wienen it deroer iens dat se op basis fan it dossier net ta in feroardieling komme koenen.
De fertochte waard frijsprutsen. Dat hold ek yn dat de skeafergoeding fan it slachtoffer net takend wurde koe. De man woe 650 euro, hy hie oan de klap mei de bierflesse in litteken oan it ear oerholden.
14:56

Stienzer falt eks-freondinne lestich: wurkstraf ûnder betingst en kontaktferbod

In ynwenner fan Stiens (35) is feroardiele ta in wurkstraf ûnder betingst foar it lestichfallen fan syn eks-freondinne. De plysjerjochter lei ek in kontaktferbod op oan de Stienzer: hy mei op gjin inkelde wize kontakt sykje mei syn eks,
De wurkstraf ûnder betingst is in stok efter de doar om derfoar te soargjen dat de Stienzer him oan it kontaktferbod hâldt. Fierder moat hy him melde by de reklassearring en moat er in behanneling ûndergean.
Buorfamke ynset om kontakt te sykjen
De man soe nei it ferbrekken fan de relaasje, begjin 2020, fan begjin 2021 ôf goed in jier lang op ferskate wizen kontakt socht hawwe mei syn eks. Dat barde fia sosjale media, anonime telefoantsjes en hy soe sels it buorfamke fan syn eks benadere hawwe mei de fraach oft se wol helpe woe om in petear mei de eks te regeljen.
In stoppetear mei de plysje soe net holpen hawwe. De fertochte ûntkent dat er him skuldich makke hat oan 'stalken'. Hy woe allinnich in petear mei syn eks oangean, om't er bang wie dat se bleatfoto's fan him ferspriede soe.
De plysjerjochter gie der fanút dat de stalking ûngefear in healjier duorre hat. Dat wie folle koarter as it jier en trije moannen dêr't de offisier fan justysje har eask op bassearre. De offisier easke in wurkstraf fan 120 oeren, wêrfan de helte ûnder betingst. De rjochter gie dêr dus net yn mei en lei in wurkstraf fan sechtich oeren ûnder betingst op, mei in proeftiid fan twa jier.