Skiedsrjochter oer net trochgean Hercules-Cambuur: "Veld is keihard, ongelijk en spekglad"

ANP Hercules-Cambuur
It fjild yn Utrecht kin net bespile wurde © ANP
De bekerwedstriid fan SC Cambuur tsjin amateurklup USV Hercules gie jûn net troch. It fjild yn Utrecht koe net bespile wurde. In part fan it fjild is beferzen en der leit snie op.
Beide ploegen soene inoar om 21.00 oere treffe op Zoudenbalch, it trainingskompleks fan FC Utrecht.
Hercules stunte ein desimber troch Ajax út te skeakeljen (3 -2). Dy wedstriid waard spile yn stadion De Galgenwaard fan FC Utrecht. Hercules woe dêr ek de achtste finale tsjin SC Cambuur spylje, mar FC Utrecht woe it fjild sparje foar it thúsduel fan snein mei PSV.
Skiedsrjochter Jeroen Manschot, dy't yn de buert fan Zoudenbalch wennet, karde it fjild om 12.00 oere noch goed. Robin Hensgens, de beëage arbiter foar it duel, seach om 17.00 oere ek gjin grutte problemen. Mar sa'n oardel oere foar de wedstriid fûn er it beferzen fjild dochs te gefaarlik foar de spilers fan Hercules en Cambuur.
"Het veld is keihard, ongelijk en spekglad", seit Hensgens. "En daardoor is het ontzettend gevaarlijk voor spelers en dat is natuurlijk de eerste prioriteit voor ons. Dat je op een veilige manier kunt voetballen. Dat is niet aan de orde vandaag."
It wie foar Hensgens gjin drege beslissing. "Op het moment dat wij het veld opliepen, wisten we al heel snel: dit gaat niet, dit is gevaarlijk. En dan loop je alleen maar risico op gekke ongelukken en dat willen we niet."
Skiedsrjochter Robin Hensgens leit út wêrom't de wedstriid net trochgie
De spilersbus fan de Ljouwerters wie hast yn Utrecht doe't it duel ôfsein waard en is direkt omdraaid en rjochting Fryslân weromriden.
It is noch net bekend wannear't it bekerduel tusken Hercules en SC Cambuur ynhelle wurdt. Mooglik treffe beide ploegen inoar kommende tiisdei, in dei foar in oare achtste finale tusken Feyenoord en PSV.
Hercules-Cambuur
Snie op it beferzen fuotbalfjild © Omrop Fryslân, Andor Faber