Ynwenners by byienkomst fan De Fryske Marren oer mooglik azc by Rottum: "Doe het niet!"

Ynrinbyienkomst De Fryske Marren
Ynrinbyienkomst De Fryske Marren © Omrop Fryslân
Gjin mega-azc, mar lytsskalige opfang fan asylsikers. Ynwenners fan De Fryske Marren binne fan miening dat der gjin azc foar 450 minsken komme moat tusken Rottum en Hearrenfean-West.
Yn sport- en kultureelsintrum De Hege Fonnen op 'e Lemmer koene bewenners woansdeitejûn ynsprekke en fragen beäntwurdzje fan riedsleden.
Deze grootschaligheid draagt niet bij aan de belangen van de inwoners en de asielzoekers zelf.
Marleen Snider fan de stichting Rottum e.d.
In dúdlike boadskip foar de riedsleden komt fan Marleen Snider: "Doe het niet!" Sy fertsjinwurdiget as wurdfierder fan de stichting Rottum e.d. de belangen fan de bewenners. "Deze grootschaligheid draagt niet bij aan gastvrijheid. Deze grootschaligheid draagt niet bij aan de belangen van de inwoners en de asielzoekers zelf. Wij kunnen dit als de gemeente De Fryske Marren veel beter."
De wurden fan Snider kinne rekkenje op applaus fan de publike tribune ôf, ek al hat de foarsitter meardere kearen oproppen om gjin lûd te meitsjen.

Taskes mei dokuminten

Neffens Snider is der ûnder ynwenners gjin draachflak foar de grutte fan dit mooglike azc. Om dizze stânpunten krêft by te setten, dielt de stichting taskes út oan de riedsleden.
Dêr sitte dokuminten yn mei ûnder oare sifers fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) wêryn't bepleite wurdt te kiezen foar lytsskalige opfang. Riedslid Rinze Visser fan de NCPN nimt as ienige it taske net oan.
Taskes wurde útdield by de ekstra byienkomst
Taskes wurde útdield by de ekstra byienkomst © Omrop Fryslân
Op lanlik nivo praat it ministearje mei de VNG en it COA oer lytsskalige opfang fan asylsikers. Neffens Corina Deekens, COA-regiomanager yn Noard-Nederlân, sil dizze foarm wol wat betsjutte foar gemeenten sels.
"Dan zal je in de gemeente moeten kijken naar faciliteiten, zoals leslokalen en ontspanningsruimten. Want dan kunnen wij bouwen voor kleinschalige opvang voor alleen wonen en koken. Niet voor recreatieve doeleinden, dat is dan te duur", seit Deekens.

Boargemaster hat fraachtekens

Dêryn sjocht boargemaster Fred Veenstra te folle tûkelteammen: "Ik freegje my ôf of in lytsskalige lokaasje fan 25 ta 50 minsken ergens yn ien fan ús doarpen kin sûnder dat der ienige foarm fan begelieding fan it COA is."
"Yn in grutte stêd is dat better te organisearjen. Datst in soad 'moederlokaasje' hast der't de bewenners maklik nei de hoofdlokaasje kinne foar begelieding. En yn in plattelânslokaasje is dat lestiger te realisearjen", seit Veenstra.
We binne net persoanlik op de hichte steld, dat docht ús sear.
Homme Dijkstra, boer út Rottum
Melkfeehâlder Homme Dijkstra út Rottum seit yn syn ynspraakmomint dat er net te sprekken is oer de kommunikaasje fan de gemeente: "We binne net persoanlik op de hichte steld, dat docht ús sear."
Ut in algemiene brief fan de gemeente yn july moat Dijkstra fernimme dat it stik lân dat hy brûkt, yn it sykgebiet falt foar in mooglik azc. "Dat hat foar ús in grutte impact. As wy lân kwytreitsje dan is dat foar ús net bêst. It wie mar in lytse muoite west: efkes in telefoantsje, in petear op it gemeentehûs of ien dy't by ús del kaam. We fine it nergens op lykjen".
Neffens boargemaster Fred Veenstra is it proses soarchfâldich dien. "De situaasje fan dy ynwenner wol ik noch hiel presys útsykje en dan gean we grif mei dy menear yn petear. Mar yn de algemienheid ha we der foar keazen om de minsken dy't yn in bepaalde ôfstân ta de mooglike lokaasje wenje, persoanlik in brief te skriuwen".

"Feilichheid is net op oarder"

Wat op de jûn troch it grutste part fan de sechtjin ynsprekkers oanhelle wurdt, is dat de feiligens net op oarder is. De plysje yn Súdeast-Fryslân brocht yn oktober ferline jier nei bûten dat it noed hat oer de plannen foar in nij asylsikerssintrum by Rottum en It Hearrefean.
De lokaasje soe 'mear risiko's' mei him meibringe op it mêd fan feiligens en leefberens.

'Famkes doare net mear nei maneezje'

Boargemaster Fred Veenstra werkent him net yn dizze wurden. "De brief dy't der leit, mei alle respekt, dy komt fan in basisteam en dat is net it basisteam fan De Fryske Marren."
Ynwenners meitsje harren soargen oer skoalbern dy't by it mooglike azc del komme en famkes dy't net mear op de fyts nei de maneezje yn Rottum doare te kommen. Veenstra seit goed oerlis te ha mei syn eigen plysjeteam: "Ik stean der foar yn dat de feilichheid garandearre is."
Op 29 jannewaris giet de ried fan De Fryske Marren mei it kolleezje yn petear oer it mooglike azc en op 11 maart nimt de gemeente hjir in beslút oer.