De ufo's fan De Gordyk wiene fyftich jier lyn in fenomeen, no ferskynt der in boek oer

Willem Vlietstra
Willem Vlietstra © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
It is fyftich jier ferlyn dat der op De Gordyk ufo's sjoen waarden. De net-identifisearre fleanende objekten waarden yn 1974 wikenlang sjoen troch in groep minsken. Taede A. Smedes besleat der in boek oer te skriuwen, dat dizze tongersdei ferskynt.
It boek is basearre op de waarnimmingen fan doetiids. In grut part is te tankjen oan Willem Vlietstra fan Lippenhuzen. Hy wie doe fjirtjin jier en hat yn njoggen skriften in lochboek byholden. Syn waarnimmingen en hast alle kranteknipsels út 1974 oer de ufo's sitte deryn. Foar Smedes wie dit in ideaal helpmiddel.
Boek ufo's
By (foarhinne) beukerskoalle De Vlieger sammelen Vlietstra en tal fan oare minsken harren geregeld om de ufo's te spotten. "Dêr hiest rom sicht oer in grut diel fan it hielal", fertelt hy.

Rap op en del

In moanne lang hat hy dêr hast alle dagen west te sjen. It wie net alle jûnen raak, mar geregeld ha se har de eagen útsjoen. "We seagen fleantugen, satelliten, waarballonnen, helikopters of wat dan ek. Mar der wiene ek bepaalde dingen ûnferklearber."
By guon notysjes yn syn skrift hat Vlietstra wol twivels oft it net in fleantúch west hat, mar dat jildt lang net foar alles. Hy is der wis fan dat dat ufo's wiene.
"Dat kin in fleantúch of helikopter net neidwaan. Soms gongen se hiel rap op en del of se flitsten fan links nei rjochts. In fleantúch hat hiele strakke linen en in helikopter makket in hiel protte lawaai. Dit wie stil."
De deiboeken fan Willem Vlietstra
De deiboeken fan Willem Vlietstra © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
De media dûkten der ek boppe-op en it waard mar drokker yn 'e jûntiids op De Gordyk. It wie it petear fan de dei. Yn maart 1974 binne de ufo's foar it lêst sjoen en doe ebbe it fenomeen stadichoan fuort.
Oant no. Fyftich jier letter ferskynt it boek 'De ufo's van Gorredijk'. Vlietstra fynt it prachtich dat der opnij oandacht foar komt. "Op himsels hiel bysûnder, mar ik fyn it ek wol hiel moai. As ik dy ferslachjes weromlês, tink ik: ja, ik wit it allegearre noch."
En op de fraach oft ufo's bestean, is der gjin twivel mooglik by Vlietstra: "Jawis! Salang't it net ferklearre is, is it foar my noch hieltyd in ufo."
Skriuwer Smedes lit dat yn syn boek yn 'e midden. It is neffens him út in sjoernalistyk eachpunt wei skreaun en hy lit it oardiel oan de lêzer sels.