Maaike (35) is te sjen yn 'Over Mijn Lijk': "Ik ben niet de kanker, ik leef gewoon nog"

Maaike de Boer
Maaike de Boer © Eigen foto
Maaike de Boer út Drachten is noch mar 35 jier âld en libbet mei hûdkanker. Se wol net dat it harren libben beheint. "Ik kan wel steeds denken dat het allemaal niet goed kan gaan, maar dat brengt mij nergens."
Dat lit se sjen yn it programma 'Over Mijn Lijk'. Maaike is mem fan de twilling Mare en Nils (12) en sy is troud mei Hendrik. Se hat in baan en spilet wetterpolo.

Moederflek

Yn 2014 ûntdekt Maaike in moederflek op 'e heup. "Het bleek een melanoom te zijn. Ik had er zelf nog nooit van gehoord", fertelt se.
Dêrnei gie it hiel lang goed. Nei fiif jier soe Maaike 'skjin' ferklearre wurde, mar dan fielt se wat op de heup.
"Bij de laatste controle waarin ze mij zouden vertellen dat ik officieel schoon ben, voelde ik een knobbeltje op mijn heupgewricht. Dat hebben ze meteen weggehaald omdat ze het niet vertrouwden."
Undersyk fan 'e hûd
Undersyk fan 'e hûd © Shutterstock.com (Rovsky)
Yn 2020 krijt Maaike de útslach. De kanker is útsiedde, se hat melanoomkanker yn stadium 4 en is ûngenêslik siik.

Eksperimintele behanneling

Nei it heftige nijs beslút Maaike gelyk mei ymmúnterapy útein te setten: in behanneling dy't kankersellen bestridet en hooplik de tumoaren krimpe lit. Se docht ek noch mei oan in eksperimintele behanneling om de behanneling better slagje te litten.
Maaike waard ynlotte, mar wist dat de kâns dat it oanslaan soe noch hieltyd net grut wie.
"De kans dat de behandeling aan zou slaan was vijftig procent. Als de immuuntherapie niet voldoende zou helpen, hoopte ik dat het experimentele middel wel hielp."
It swarte lint, in symboal dat ferwiist nei melonoom- en hûdkanker
It swarte lint, in symboal dat ferwiist nei melonoom- en hûdkanker © Shutterstock.com (Jo Panuwat D)
Ta har gelok slacht de behanneling oan. Mar fan in genêzing is noch gjin sprake en it is noch ûnbekend hoe't de behannling wurket op lange termyn.

Ik leef gewoon nog

Yntusken is it wer in pear jier letter en giet it nei omstannichheden goed mei Maaike. "Je hebt lichamelijk veel last tijdens de kuren, dan lig ik dagen in bed. Maar ik ben hele periode stabiel, dat is wel heel mooi nieuws."
Maaike besiket sa folle mooglik de 'kop yn it sân te stekken' en troch te wurkjen en sporten. "Ik wil er niet mee bezig zijn, dat helpt mij enorm. Ik denk dan: ik ben niet de kanker. Ik leef gewoon nog. Sommige dagen denk ik er niet eens over na."
Je wordt geen moeder om zelf vroeg dood te gaan.
Maaike de Boer
It drege fynt se hoe't de situaasje foar har man en bern is. "Je wordt geen moeder om zelf vroeg dood te gaan", fertelt se.
Se besiket der dêrom in soad mei har bern oer te praten. Dy geane der op ferskate wizen mei om. "Een van mijn kinderen steekt de kop in het zand. De ander stelt me juist vragen als: 'Wat gebeurt er as mem dood is?'"
Har bern binne ien fan de redenen dat Maaike meidocht oan it programma 'Over Mijn Lijk'. "Mocht het niet goed gaan, dan hebben mijn kinderen nog een mooie herinnering."

Tantesizzer

Neist har wurk en sport sit Maaike net stil. Se sammelet jild yn foar ûndersyk nei kanker. Dit docht se tegearre mei har tantesizzer Allexa fan trije. "Mijn nichtje heeft drie maanden na mij ook de diagnose kanker gekregen. Als familie wilden we daarom wat doen."
It Antoni van Leeuwenhoek sikehûs
It Antoni van Leeuwenhoek sikehûs © ANP
Om jild yn te sammeljen foar de Antoni van Leeuwenhoek Foundation hat Maaike al twa kear mei freonen en famylje kuiere, fan it Prinses Máxima Centrum yn Utrecht (dêr't Allexa behannele wurdt) nei it Antoni van Leeuwenhoek sikehûs yn Amsterdam (dêr't Maaike sels behannele wurdt).
In donaasje dwaan foar Maaike har aksje foar de Antoni van Leeuwenhoek Foundation kin fia dizze webside. 'Over Mijn Lijk' is alle tiisdeis te sjen om 21.20 uur by BNNVARA op NPO 1.