Resinsje Home: spilers Tesselschade hâlde kwaliteit heech

Tesselschade spilet Home
Henk te Biesebeek beskôget Home troch Tesselschade © Omrop Fryslân
Mei de foarstelling 'Home' leit toanielferiening Tesselschade út Hurdegaryp de latte wer heech. In stik oer geastlike ûntspoaring en iensumens. Dochs slagget it Tesselschade dit kear net om it sukses fan it ôfrûne jier benei te kommen.
Dat leit net oan de spilers mar oan it stik sels. Ynhâldlik sterk, mar yn foarm en útfiering krekt wat te datearre.
It stik, skreaun yn 1970 troch David Storey, stie al jierren heech op it listje fan regisseur Anny ter Linden-Veenstra. Net frjemd. As aktrise by Tryater hat se ommers yn 1984 hjirmei sels op it poadium stien. Yn de Fryske oersetting 'Himmel waar hjoed' fan Pyt van der Zee ûnder regy fan Thom van der Goot.
Doetiids mei Freark Smink en Rense Westra yn de haadrollen. As je dan ek noch witte dat yn lanlike útfieringen dizze rollen foar rekken nommen waarden troch akteurs as Ko van Dijk en Bram van der Vlugt seit dat genôch oer de kwaliteit en djipgong fan it oarspronklik senario.
Tesselschade spilet Home
De bewenners fan de klinyk gean konfrontaasjes net út 'e wei © Marcel van Kammen
It begjin fan dizze foarstelling, bewurke troch de regisseur sels, is ek gâns ûnthjittend. Allinnich it dekôr al prikelet ús nijsgjirrigens. Sober mar stilistysk fraai. Net mear as twa túnstuoltsjes en in tafeltsje.
Mar wat in fantastyske fynst fan dekôrûntwerper Kees Botman: hy wit mei in echte metershege beam op in poadium in hiel park foar de eagen fan it publyk te kreëarjen. De leechte dêromhinne liket hjirtroch noch driigjender. Moai!

Waar

Dan komt in âldere man (Johan Thijssen) it poadium op. Muoisum giet er op in stuoltsje sitten en hellet út syn kreaze aktetas in fierrekiker en in krante. Dan kuieret in oare hear (Jelke van der Molen) mei kuierstôk it toanielbyld yn. Tusken beide manlju ûntwikkelet him in petear dat yn feite nearne oer giet.
Fan it iene yn it oare wikselje de ûnderwerpen. Gjin inkel ferhaal wurdt ôfmakke. En lokkich is der ien mienskiplike ynteresse dy't alles ferbynt: it waar. Under de waarme sinnestrielen sitte beiden op in daalders plakje. Oant de wolken ek dat feestje bedjerre...

Misbrûk

Dochs broeit der wat. Langstme nei de wiere natuer dy't bûten dizze tún lizze moat, in mentaal swiere skieding en sels it misbrûk fan minderjierrige famkes komt oan 'e oarder. It kompas yn de kuierstôk sit der net foar neat: it moat foarkomme dat de man it paad bjuster rekket.
Mar yn fredesnamme, wêr binne wy as publyk hjir tsjûge fan? Wêr sitte dizze manlju no krekt? En sitte beiden hjir eins wol frijwillich of kinne se net oars?
Tesselschade spilet Home
Op syk nei jinsels: home is where the heart is © Marcel van Kammen
Dy soarchfâldich opboude magy wurdt lykwols daliks fersteurd as twa froulju it poadium opkomme. Sa is dêr Katryn (Stienie Boskma): yn bettere tiden in femme fatale, mar no in bytsje in ordinêre manljusgek. Se uteret har wanhoop yn útsinnige gibelbuien.
Moai dan wer hoe't de grimeur útsketten is mei it oanbringen fan de fjoerreade lippestift fan dit personaazje. En dêrmei Katryn ta in karikatuer makket fan de seksy frou dy't se eartiids dochs wêze moatten hat.

Dûbeldsinnige petearen

Har 'freondinne' Minke (Matty Dijk) is út oar hout snien. Op iroanysk noarske wize wol sy de minsken om har hinne graach teplak sette. De dûbeldsinnige petearen fan dizze froulju trochbrekke sûnder pardon de uterlike fatsoenlikens fan de manlju. Bats!
Krekt wat subtiler spul hie dizze personaazjes faaks wat minder karikaturaal en wat mear geheimsinnich makke. No wurdt wol hiel direkt dúdlik makke dat nimmen fan de personaazjes hjir út frije wil ferbliuwt.

Klinyk

Hawar, it park blykt dan dus yn werklikheid de tún te wêzen fan in psychiatryske klinyk. En de bewenners wenje allegear oerienkomstich harren ôfwiking yn in paviljoen om terapy te ûndergean. Se kinne net fuort en moatte it meimekoar oprêde.
Oja, dan is der noch in tredde frou: Fenna (Hennie Veenstra), dy't kessens makket en dêrop it wurd 'home' borduert. Omdat sy ek yn dizze ynrjochting, faaks tsjin better witten yn, har dochs in bytsje thúsfiele wol.
Tesselschade spilet Home
'Home' is net allinnich emosjoneel en tragysk, der kin ek lake wurde © Marcel van Kammen
It makket de ûnderlinge konfrontaasjes der net minder om. Somtiden humorfol en geastich, dan wer tragysk en weemoedich. Mar nei ferrin fan tiid spitigernôch ek in bytsje saai.
Dan wurdt it foar de taskôger allegear krekt wat tefolle fan itselde en liket boppedat dizze werjefte fan in psychiatryske klinyk net mear fan dizze tiid. En liket de foarstelling kwa foarm de klassike kant it neist.
It is oan de prestaasjes fan de spilers te tankjen dat it publyk oan de ein fan de jûn dochs op in boeiende foarstelling weromsjen kin. De taskôgers wiene yn alle gefallen sa ûnder de yndruk dat it applaus nei ôfrin wat wifeljend op gong kaam. It boadskip liicht der ek net om: asto dysels net wêze kinst, wat foar doel hat it libben dan? Toe mar.

Jongerein

Wol spitich dat net mear as sechstich man publyk op dizze premjêre ôfkommen wie. Benammen de jongerein liet it wat dat oanbelanget ôfwitte. Dat hoecht oars net, soene je sizze.
Teäteroplieding Meeuw yn Ljouwert bewiist dat it kin. Har hjoeddeiske bewurking 'Drie Zussen' fan de Russyske skriuwer Tsjechov wit de jongerein wol nei it teäter te krijen. Miskien dat mei in wat moderne, strakkere oanpak fan 'Home' dit ek slagge wie.
Oer de artistike kwaliteit fan it selskip hoecht Tesselschade ommers net benaud te wêzen. De folsleine spilersploech fan dizze foarstelling liet wer ris sjen dat dy folop oanwêzich is.