Swiere blessuere frustrearret Cambuur yn oanrin nei bekerduel tsjin stuntploech Hercules

Marcel Schaapman yn aksje foar Cambuur
Marcel Schaapman yn aksje foar Cambuur © Orange Pictures
Foar de twadde kear dit seizoen is in spiler fan SC Cambuur swier blessearre rekke. Op de training fan tiisdei sloech it needlot ta foar Marcel Schaapman.
De ympakt fan de blessuere fan Schaapman op de meispilers is grut. Hielendal om't it net de earste kear is. Ein novimber rekke Gabi Caschili swier blessearre yn de wedstriid tsjin VVV-Venlo.
"It wie echt hiel ferfelend", seit trainer Henk de Jong oer it momint fan Schaapman. "Do hearst it lûd en hearst him razen. Dan leit er dêr. Dan is it oer by de ploech en doe binne we ek nei binnen gien."
De blessuere fan Schaapman hat ympakt op de ploech, seit Henk de Jong
It makket de tarieding fan de Ljouwerters op it bekerduel mei Hercules fan tongersdei net optimaal. De kâns hie grut west dat Schaapman oars spile hie, lykas ôfrûne freed yn de wedstriid tsjin MVV Maastricht.
"We wolle yn it teken fan him dy wedstriid besykje te winnen", seit De Jong. It is de achtste finale fan de KNVB Beker.
Thomas Poll sil Schaapman ferfange. Mooglik dat Floris Smand, dy't werom komt fan in skorsing, ek in basisplak krijt, yn it sintrum fan de ferdigening. Dêr is De Jong noch net oer út.
Ik ha trainer west by Harkemase Boys, Snits en Drachtster Boys en as we dan tsjin profklups moasten, fagen we derop.
Henk de Jong
Tsjinstanner Hercules stiet tsiende yn de tredde divyzje. It is deselde kompetysje dêr't Harkemase Boys ek yn spilet. Hercules kin mei rjocht in stuntploech neamd wurde, want yn de foarige bekerronde skeakelen se Ajax út (3-2).
Dy útslach makket dúdlik dat Cambuur de tsjinstanner net ûnderskatte kin, ek al spilet Hercules twa nivo's leger.
"Ik denk dat er geen procent onderschatting in kan zitten, als je Ajax uitschakelt", seit ferdigener Léon Bergsma. "Het is een hartstikke lastige ploeg om tegen te spelen."
Neffens Léon Bergsma is der fan ûnderskatting gjin sprake by Cambuur
Bergsma hat it duel tusken Hercules en Ajax sjoen en waard behoarlik ferrast troch de amateurploech. "Ze hebben goed verdedigd tegen Ajax en ook nog kansen gekregen. Er kan geen speler zijn die een procentje minder gaat geven."
De Jong wie ek ûnder de yndruk fan Hercules. "Ik ha noch noait mei in profklup fan Ajax wûn. Dit wie echt unyk", seit er. "En hoe't se dat diene, dat wie echt hiel goed. Der is hjir gjin inkele ûnderskatting."
Mocht Cambuur winne, steane de Ljouwerters yn de kwartfinale. Bergsma helle yn syn karriêre sels twa kear de heale finale fan in bekertoernoai: ien kear mei FC Aarau yn Switserlân en ien kear mei AZ. Dat wol Bergsma mei Cambuur ek, al besjocht er it wedstriid foar wedstriid. "We willen koste wat het kost naar die kwartfinale."

Kallon wer nei Sina

De ôfrûne wike hat Issa Kallon meitraind by Cambuur. De âld-spiler fan de Ljouwerters siet sûnder klup, nei't syn kontrakt by Shanghai Port ôfrûn wie. Foardat er nei Sina gie, spile er fiif seizoenen by Cambuur.
De 28-jierrige bûtenspiler hat no in nije klup fûn en giet wer nei Sina. Hy tekenet in kontrakt foar twa seizoenen mei in opsje foar in ekstra jier by Nantong Zhiyun FC. Kallon sil foardat er op it fleantúch stapt nei syn nije wurkjouwer noch in pear kear meitraine yn Ljouwert.
Nei eigen sizzen hat de technyske stêf fan Cambuur by acht amateurklups bylden opfrege fan Hercules. En der hat in delegaasje nei in wedstriid fan harren west om sels te sjen. It mei dúdlik wêze dat se de wedstriid yn Ljouwert tige serieus nimme.
De Jong hielendal, om't er ek oan de oare kant stien hat, as trainer fan in amateurploech tsjin profs. "Ik ha trainer west by Harkemase Boys, Snits en Drachtster Boys en as we dan tsjin profklups moasten, fagen we derop."
De bekerwedstriid tusken Hercules en Cambuur begjint tongersdeitejûn om 21:00 oere. It duel is te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat begjint om 20:45 oere.