Cambuur siket 13,75 miljoen om bou nij stadion op skema te hâlden

Nij Cambuurstadion yn oanbou
Nij Cambuurstadion yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Wêr kin Cambuur 13,75 miljoen euro fine? Dat bedrach moat de klup sa rap as mooglik op it kleed bringe om derfoar te soargjen dat it nije stadion ôfboud wurde kin. Slagget dat net, dan duorret it miskien wol langer foardat de earste wedstriid yn it nije stadion spile wurdt.
Ynkoarten wurdt yn de gemeenteried fan Ljouwert debattearre oer in liening fan 6 miljoen euro foar de klup. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat al in posityf advys jûn oer dy liening, mei de betingst dat Cambuur sels earst de oerbliuwende 7,75 miljoen euro ynbringt.
Foar de ôfbou fan it stadion is goed 21 miljoen euro nedich. Earder helle Cambuur al 7,6 dêrfan binnen, ûnder oare troch de namme fan it stadion foar de kommende tsien jier te ferkeapjen (goed 1 miljoen), in bydrage fan in bierbrouwer (1 miljoen) en ek troch sels by te dragen (2,3 miljoen).
Mei dat jild soe it stadion 'speelklaar' oplevere wurde. Cambuur koe der dan yn spylje en de rest fan it stadion letter ôfbouwe. Mar geandewei binne Cambuur en de partijen ta de konklúzje kaam dat - troch feroare merkomstannichheden - it stadion by oplevering dochs hielendal klear wêze moat.
Grutte fraach is fansels, wêr wol Cambuur dy miljoenen weihelje?
It grutste part moat komme fan in obligaasjeliening. Der hopet de klup 5 miljoen euro mei binnen te heljen.
Fierder is der in sponsor dy't 1 miljoen euro ynbringt, nochris 1 miljoen euro moat fertsjinne wurde mei de ferhier fan skyboxen en de lêste 750.000 euro moat komme fan de businessclub fan Cambuur.
De miljoenen fan Cambuur
De miljoenen fan Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur hopet noch altyd dat it slagget om op 1 augustus te ferhúzjen nei it nije stadion op it Elfstedenpark. Dat bestjut wol dat der rap jild fûn wurde moat.
Omdat Cambuur ferantwurdlik is foar de ôfbou fan it stadion, kin dy pas úteinsette wannear't al it jild binnen is. En hoe letter it hiele bedrach regele is, hoe letter de ôfbou ek úteinsette kin en hoe letter alles klear is.
Fertraging fan de bou leit op de loer.
Arjen Oosting, direkteur boubedriuw Van Wijnen
De lêste wike dûke der ferskate geroften op oer fertraging by de bou. Sa soe Cambuurdirecteur Ard de Graaf op in byienkomst mei sertifikaathâlders sein ha dat de ôfbou fan it stadion sa'n seis moanne fertraging oprûn hie.
De Graaf seit dêroer dat hy op dizze jûn sein hat dat "we gaan voor augustus, maar sluiten onze ogen niet voor het scenario januari".
"It stiet allegear flink ûnder druk", reagearret direkteur Arjen Oosting fan stadionbouwer Van Wijnen, wannear't him frege wurdt nei in tiidspaad foar de ôfbou fan it stadion.
It boubedriuw sit geregeld om tafel mei Cambuur. "De kommende wiken wurde bepalend foar de planning. Fertraging fan 'e bou leit wol op de loer."

Hegere útjeften, hegere ynkomsten

Yn it nije stadion is Cambuur aanst elk jier minimaal 1,15 miljoen euro kwyt oan fêste lêsten. Dêrfan giet 600.000 euro nei de hier fan it stadion, wylst der 560.000 euro nei de gemeente giet foar it ôfbeteljen fan de beëage liening fan 6 miljoen euro. Dy fêste lêsten binne heger as no.
Nij Cambuurstadion yn oanbou
Nij Cambuurstadion yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
De klup tinkt dy ekstra útjeften te beteljen troch hegere ynkomsten yn it nije stadion. De ferwachting is dat der mear besikers by thúswedstriden komme, wat mear jild opsmyt
Fierder moatte de kommersjele aktiviteiten mear opsmite as yn it hjoeddeistige stadion. Op dit stuit hat de klup bygelyks gjin skyboxen foar sponsoren, wylst yn it nije stadion achttjin yn gebrûk naam wurde.

Telefyzjejild

Boppedat komme der mear ynkomsten frij út tv-jild. Telefyzjenetwurk ESPN, rjochtehâlder foar it betelle fuotbal yn Nederlân, hat ferline jier in nij kontrakt sletten mei de betellefuotbalklups oant en mei 2030. Dat nije kontrakt betsjut dat fuotbalklups fan 2025 ôf jierliks mear jild krije foar de telefyzjerjochten fan har wedstriden.
Omdat noch net alle formaliteiten rûn binne, hat Cambuur de ekstra tv-jilden net meinaam yn de prognoazes foar kommende jierren.
Nij Cambuurstadion yn oanbou
Nij Cambuurstadion yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Dy ekstra ynkomsten hat Cambuur ek wol nedich, sa is te lêzen yn it advys fan boargemaster en wethâlders oan de Ljouwerter gemeenteried.
Yn dat advys stiet dat, wannear't de liening ferstrekt wurdt, 'er dan niet tot nauwelijks meer ruimte binnen de begroting (fan Cambuur, red.) is. Elke tegenvaller in de opbrengsten of de kosten zal leiden tot een tekort ten opzichte van de verstrekte begroting. Cambuur heeft daarvan aangegeven dat dergelijke tekorten moeten worden opgevangen door te bezuinigen op de personeelslasten, en dan met name het spelersbudget.'

Risiko's

Dêrmei nimme sawol Cambuur as de gemeente de kommende jierren in risiko. It nije stadion moat soargje foar in sportive opmars, mei as doel promoasje nei de earedivyzje. Dêr is in grut genôch spilersbudzjet foar nedich. Simpel sein, hoe mear jild je yn de seleksje stekke kinne, hoe heger je yn 'e regel einigje oan de ein fan it seizoen.
Mar it lyntsje wurdt tin wannear't it spilersbudzet ûnder druk komt te stean om it nije stadion ôf te beteljen. By Cambuur hoopje se de kommende jierren oan de goeie kant fan dat lyntsje te stean.