Energetysk terapeut Esther van der Werf lûkt folle sealen: "Zweven is leven"

Esther van der Werf fan Wyns
Esther van der Werf fan Wyns © Eigen foto
"Ik wil jouw richtingwijzer zijn op het gebied van zelfliefde en je leren je hart te volgen zodat je gaat stralen zoals je bent bedoeld." Foar in guon Friezen sil it sweverich klinke, mar Esther van der Werf lûkt folle sealen.
Sûnt se mei in Alvestêdetocht de hiele provinsje troch reizget mei trainingen en gearkomsten, wurdt dat allinne mar mear. Se is sprekker en 'energetysk terapeut'. Under de namme 'Eigen wijze' hat se sels har eigen saneamde libbensskoalle.
Van der Werf hat yn it ferline sels it nedige te ferwurkjen hân. Sa hie se bygelyks te krijen mei in hurdhertige mem dy't amper tiid foar har hie. Dy ûnderfining nimt se mei yn har wurk.
"Je kunt niet vooruit, als je niet goed hebt gekeken waar je vandaan komt", seit se. "Ik help daar graag bij, om zo inzicht op te bouwen. Waarom we zijn zoals we zijn, en hoe belangrijk het is stil te staan bij opgedane ervaringen en vooral terug durven gaan naar het voelen."

Op toernee

Se giet geregeld op 'en paad as ferteller. Wiene earst de Trynwâlden benammen har wurkgebiet, yntusken lûkt se de hiele provinsje troch. Sa makket se op 't heden in tocht en lizze der plannen om dêrnei mei in toernee by de lytse teäters yn Noard-Nederlân del te gean.
Esther seal
Esther van der Werf by in fertelling © Eigen foto
Van der Werf fernaam dat har boadskip better oerkomt as se ferhalen fertelt. "Met vertellingen raak ik mensen in hun eigen verhaal. Zonder dat ik me daar speciaal op voorbereid ga ik het contact met het publiek aan, als een improvisatie in het moment."
Ik ben zeker iemand die meerdere dimensies en bewustzijnsniveaus waarneemt.
Esther van der Werf
Op de fraach oft se dêrby ek paranormale gaven brûkt of praat mei ingels of oare bûtengewoane krêften, reagearret se foarsichtich.
"Ik krijg wel zaken doorgestuurd en zie dat als een dankbaar gegeven. De informatie - die ik dan innerlijk zie - gaat er via mijn mond weer uit. Daar heb ik dan ook geen controle over. Dat kun je paranormaal noemen, maar dat vind ik een lastige benaming, want het wordt meteen zo gekaderd."
De radiodokumintêre oer Esther van der Werf is fan snein ôf ek as podcast te finen op Spotify of Apple Podcasts. Mear oer Van der Werf sels is te finen op har webside.
"Maar ik ben zeker iemand die meerdere dimensies en bewustzijnsniveaus waarneemt. Noem dat engelen, of lichtwezens, of helpers. Hun boodschappen koppel ik dan aan de wijsheid die ik zelf heb op gedaan in mijn leven,"

"Zweven is leven"

By har gearkomsten nimt Van der Werf geregeld muzikanten mei. Ien fan harren is Elske DeWall. Sy fertelt dat Van der Werf yntusken in freondinne fan har wurden is en dat se har holpen hat út te finen wa't se sels eins is en hoe't se yninoar sit.
"Ik snap dat minsken it boadskip fan Esther miskien wolris wat sweverich fine, mar dat is it perfoast net", neffens de sjongeres. "It is eins de kearn fan ús libben, dêr't se it oer hat."
Gekjeiend heakket se dêroan ta: "Boppedat: zweven is leven!"
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Mei fan 12:00 oant 13:00 oere it nijsfoarum. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.