COC ferbjustere oer ynlûken jild LHBTIQA+-akseptaasje: "Geluid tegen community verhardt"

Brenda de Groot COC Fryslân
Brenda de Groot fan COC Fryslân © Omrop Fryslân
De fernuvering is grut by belange-organisaasje COC dat de provinsje gjin jild mear útjaan wol oan LHBTIQA+-akseptaasje. It jild dat dêrfoar beskikber wie, wol de provinsje wer weromsette yn de algemiene middels.
"Dat vinden we zorgwekkend", seit Brenda de Groot fan it COC. "We zien om ons heen dat het geluid tegen onze community verhardt en agressiever wordt. De boodschap die dit besluit afgeeft, wakkert dat aan. We hebben niet voor niks in Kollum laatst een pride gehad. Dat is blijkbaar wel nodig."
Deputearre Femke Wiersma sei dat dizze sosjaal-maatskiplike opjefte gjin kearntaak fan de provinsje is en dat dy oergean moatte soe nei de gemeente. "Der binne in hiel soad minderheidsgroepen en wy fine it tige wichtich dat dy allegear stipe wurde. Dat wie it stânpunt fan it âlde kolleezje, dat stânpunt hat it hjoeddeiske kolleezje ek."
Fernuvering by COC oer ynlûken provinsjejild
Yn 2020 waard Fryslân in saneamde Reinbôgeprovinsje. As ferfolch tsjinnen D66, FNP, PvdA en SP in moasje yn om alle jierren 50.000 euro frij te meitsjen foar reinbôgebelied.
It beslút om it jild yn te lûken falt de FNP-fraksje yn Provinsjale Steaten rau op it dak. Foaral opmerklik is, dat harren deputearre yn it kolleezje sels inisjatyfnimmer wie fan dy moasje.

Unbetrouber

"Do soest sizze kinne dat wy dêrmei hast as ûnbetrouber besjoen wurde kinne", seit FNP-steatelid Sita Land. "Wy ha wat tasein en dêr moatte wy foar stean." De FNP-fraksje bliuwt efter it ûnderwerp stean: "Wy moatte soargje dat wy hjirmei trochgean. Want wa't A seit moat ek B sizze."
In reinbôgeflagge foar it Provinsjehûs
In reinbôgeflagge foar it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
Land seit lykwols net teloarsteld te wêzen yn harren deputearre. "Yn syn funksje as deputearre moat er dat belied utfiere. Ik wit net hoe't de stimferhalding binnen it kolleezje wie, dus it is lestich om dêr in oardiel oer te jaan. Dit is in beslút fan it kolleezje en dêr sille wy it mei dwaan moatte."

"Nul op het rekest"

De Groot fan COC Fryslân hopet dat de LHBTIQA+-mienskip net hielendal tebekset wurdt. "Als er geld is, moet dat ingezet worden op de acceptatie van de community. Wij als COC hebben die expertise en kunnen zo de groei behouden. En als er geen geld is, moet de provincie minstens aangeven dat ze ons steunen."
"Als het geld er ligt, verbaast me dat", seit De Groot. "Wij hebben projecten bij provincie neergelegd en kregen nul op het rekest. Dat ze dat geld niet aan de doelgroep willen uitgeven is zorgelijk."